Skip to main content

Taalfariaasje sintraal op ICLaVE|10

De Fryske Akademy hâldt de kommende dagen – 26 oant en mei 28 juny – de International Conference on Language Variation in Europe, ICLaVE. Dizze konferinsje oer taalfariaasje is ien fan de meast wichtige foarums foar wittenskip op dit mêd yn Europa.

It hat ta doel om wittenskippers op it gebiet fan Europeeske taal en taalfariaasje byinoar te bringen om mei-inoar fan gedachten te wikseljen oer empiryske, metodologyske en teoretyske saken yn de stúdzje fan de taalfariaasje en –feroaring. Yn dizze edysje is der in soad omtinken foar minderheidstalen; sa komme ûnder mear it Frysk, Baskysk, Katalaansk, Sorbysk en it Wymysöryś oan bod.

Goed 250 dielnimmers út 34 ferskillende lannen binne fan de partij by it sympoasium. In grut part komt út Europa, mar der binne ek guon út Australië, Brazilië, Kanada en Súd-Afrika. It trije dagen duorjend programma jout harren in ferskaat oan lêzingen, panels en posterpresintaasjes.

Meredith Tamminga
Ien fan de plenêre lêzings wurdt holden troch Meredith Tamminga. Hja is direkteur fan it ‘Language Variation and Cognition Lab’ oan de universiteit fan Pensylvania, it meast wichtige ûndersyksynstitút yn de wrâld as it giet om de taalfariaasje. Tamminga is de opfolchster fan de taalkundige William Labov, dy’t wol beskôge wurdt as de grûnlizzer fan de sosjolinguïstiek, de wittenskip dy’t de relaasje tusken taal en de sosjale groep bestudearret. Meredith Tamminga hat Fryske woartels; har beide pakes en beppes binne nei de Twadde Wrâldkriich nei Kanada emigrearre.

Lûker fan taalferoaring

‘Leaders of language change: micro and macro perspectives’ is de lêzing dy’t Tamminga oan it ein fan tongersdeitemiddei de 27ste juny (17.30-18.20 oere) op ICLaVE hâldt. Hja bûgt har dêrby oer de fraach hokker sosjale en kognitive skaaimerken der foar soargje dat immen in lûker fan taalferoaring wurdt.

It folsleine programma fan de konferinsje is hjir te sjen.           

 

Wat:                   ICLaVE10
Wannear:         woansdei 26 o/m freed 28 juny 2019, fan 9.15 oere ôf
Wêr:                   WTC Westcord Hotel, Heliconwei 52, Ljouwert