Skip to main content

Taalweb Frysk 2 febrewaris online

Taalweb Frysk giet op 2 febrewaris online. Taalweb Frysk is dêrmei ien fan 'e 100 pioniers fan 'e nije .frl-ekstinsje. Dy troch de Fryske Akademy ûntwikkele website biedt in ferskaat oan digitaal skriuwark foar it Frysk oan, ûnder oaren de nijste ferzje fan 'e Staveringshifker. Nei alle gedachten sil de provinsje Fryslân nije wike de beregeling fan 'e Fryske stavering formeel fêststelle yn in provinsjale feroardering.

Taalweb Frysk is in website mei taalhelpmiddels foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol. Op 2 febrewaris 2015 giet Taalweb Frysk yn 'e loft op it webadres www.taalweb.frl. De website bestiet út fiif ûnderdielen:

  • de Foarkarswurdlist foar it Frysk dy't foarkarsfoarmen jout foar it staverjen fan it Frysk;
  • de online Staveringshifker dy't ek as Office-plug-in of app ynladen wurde kin;
  • de Oersetter, in webapplikaasje dêr't automatysk Fryske teksten mei nei it Nederlânsk ta oerset wurde kin en oarsom;
  • it Wurdboekportaal dêr't mei ien sykfraach yn fjouwer Fryske wurdboeken socht wurde kin;
  • en in Paadwizer Fryske stavering dy't wiidweidich útlis jout oer de staveringsregels fan it Frysk.

Dy taalhelpmiddels, dy't yn opdracht fan de provinsje Fryslân ûntwikkele binne troch de Fryske Akademy, binne foar elkenien fergees beskikber makke.

 

Provinsjale feroardering

Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe op 17 desimber 2014 ynstimd mei inkelde oanpassingen yn ’e stavering fan it Frysk. Nei alle gedachten sille dy oanpassingen ein jannewaris fan krêft wurde wannear’t de beregeling fan 'e Fryske stavering troch Deputearre Steaten formeel fêststeld is yn in provinsjale feroardering en yn it provinsjaal blêd publisearre is.

Mei dy oanpassingen komme de staveringsregels fan it Frysk en de wize sa't wurden yn ’e praktyk stavere wurde tenei wer oerien. In beheind tal wurden kriget troch de regeloanpassingen lykwols in oare skriuwwize. Op 'e website fan 'e Fryske Akademy kin no al yn 'e kunde kommen wurde mei wat der feroaret yn 'e stavering.