Skip to main content

Tsjechysk boek oer Fryske literatuer

Wilken Engelbrecht. Foto: Kristýna Erbenová

Yn Tsjechië wurdt in bedrach fan € 15.000 frijmakke foar it skriuwen en publisearjen fan in skiednis fan 'e Fryske literatuer yn it Tsjechysk. Dat bedrach is tasein oan Professor Wilken Engelbrecht troch de Fakulteit Letteren fan ‘e Palacký Universiteit fan Olomouc.

Professor Engelbrecht wie yn april 2018 ien fan 'e sprekkers op 'e earste konferinsje foar Fryske geasteswittenskippen Conference on Frisian Humanities, in ûnderdiel fan LF2018, dat plakfûn yn De Harmonie. Hy spruts dêr doe oer wat der oer Fryske literatuer yn East-Europa bekend wie.

Professor Engelbrecht krige de finansjele fergoeding fan ‘e Universiteit fan Olomouc foar in boek oer Fryske literatuer mei op grûn fan stipe fan ‘e Fryske Akademy.