Skip to main content

Wat dogge wy yn it ramt fan LF2018?

Dit wykein is de iepening fan Ljouwert-Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa. Wat bringt de Fryske Akademy foar ynwenners en besikers, foar ûndersikers en kultuerleafhawwers yn 2018?

Yn ús binnentún bloeie moaie taalinisjativen, lykas in rige lêzingen oer bistetaal, in literêre kuiertocht en folksferhalen yn alle talen dy’t yn Ljouwert sprutsen wurde. In eksposysje fan kaarten yn 'e Akademytún fertelt in nijsgjirrich ferhaal oer ús provinsje. Stedsskouboarch De Harmonie is yn april it plak fan in grut ynternasjonaal Frysk Geasteswittenskiplik Kongres. Us wurkferbannen lizze in fytsrûte út om de âlde Middelsee hinne, wylst de streektalen fan Nederlân by ús sintraal steane op 8 en 9 juny.

Fan ’e jûn binne wy los mei trije wittenskippers dy’t fertelle oer wat harren dwaande hâldt, en wêrom’t sy dat sa wichtich fine.