Skip to main content

Skilderij fan Herman Lap, 1849 (Kolleksje Zuiderzeemuseum)

 

Nei jierren fan krewearjen ferskynt it Graet Hylper Wordebook, dat mear as tûzen siden telt. De auteurs binne Gosse Blom silger en Siebren Dyk, mei stipe fan Wiebe Zoethout.

De presintaasje fan it wurdboek is op freed 29 maart 2019 yn De Foeke te Hylpen. Sawol Dyk as Zoethout komme oan it wurd en der is ek in bydrage fan Hylper bern.

    Datum en tiid: freedtemiddei 29 maart 2019, 16.00-18.00 oere
    Plak: De Foeke, Nieuwstad 49, Hylpen

   

It Hylpersk is in dialekt fan it Frysk, mar hat in eigen ûntjouwing trochmakke, sadat it hjoed-de-dei aardich fan it gewoane Frysk ôfwykt. Yn dy sin is it te ferlykjen mei de Fryske dialekten fan Skylge en Skiermuontseach. It Hylpersk falt op troch syn konservatisme: ferskate eigenskippen fan it Aldfrysk binne der yn werom te finen.

Alhoewol't der al in Hylper wurdboek(je) bestie (Gosse Blom: Hylper Wurdboek, 1981), is yn 2006 op de Fryske Akademy dochs besletten om in nije ferzje te meitsjen, om sa de Hylper taal nochris sa goed mooglik te beskriuwen. Nei jierren fan yntinsive arbeid, is it wurdboek no klear. It hat mear as tûzen siden, in rekôr foar in Frysk dialektwurdboek.

De wichtichste parten fan it Graet Hylper Wordebook binne:

  • It wurdboekpart sels, dat mear as 700 siden beslacht. It brûken fan it wurd is safolle mooglik taljochte mei foarbyldsinnen, sadat de taal ek ta libben komt. Der is ek romte foar foar fêste ferbinings en siswizen. Oare Hylper foarmen binne ek meinommen. In bysûnderheid fan it wurdboek is it romme omtinken foar synonimen.
  • In wiidweidige yndeks Nederlânsk-Hylpersk.
  • In yndeks Frysk-Hylpersk, beheind ta basiswurden en yn earste ynstânsje bedoeld om de beide farianten maklik mei-inoar ferlykje te kinnen. Dy yndeks is hielendal nij foar in Frysk dialektwurdboek.
  • In wiidweidige beskriuwing fan de Hylper útspraak en grammatika, dy't hjir en dêr nochal fan it Frysk ôfwike.

 

Bestel it Graet Hylper Wordebook by de Afûk websjop (priis: 65 euro)!

   

Programma

15.30

Ynrin, kofje/tee en oranjekoeke

16.00

Iepening troch foarsitter Piet Sprik fan Stichting Behoud Immaterieel Erfgoed Hindeloopen, mei meiwurking fan sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen

16.10

Siebren Dyk (Fryske Akademy)

16.20

Optreden fan bern fan basisskoalle De Skulpe

16.35

Wiebe Zoethout (Fryske Akademy)

16.45

Oerlangjen earste eksimplaar Graet Hylper Wordebook

17.10

Ofsluting troch hear Piet Sprik