Skip to main content

Taal en taalkunde | 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Op moandei 23 en tiisdei 24 april sil de klam op taal en taalkunde yn de Fryske regio’s lizze. De klam sil net eksklusyf lizze op de Fryske talen Westerlauwersk Frysk, Noard-Frysk en East-Frysk, mar ek op oare lytse talen. Wy biede lêzingen op alle gebieten fan taalkunde, mar der sil spesjale oandacht wêze foar fonetyk, histoaryske taalkunde, sosjolinguistyk, taalkontakt en leksikografy. De lêzingen wurde yn tematyske parallelle seksjes ûnderbrocht.

  

Utnûge sprekkers

Carlos GussenhovenRadboud Universiteit Nijmegen
Chris MullhallWaterford Institute of Technology
Consuelo OosterveldLexicographer
Didier DemolinUniversité Paris 3
Jörg PetersUniversität Oldenburg
Michiel de VaanUniversité de Lausanne
Naomi NagyUniversity of Toronto
Peter SchrijverUniversiteit Utrecht
Stefan GrondelaersRadboud Universiteit Nijmegen

 

 

Oprop foar lêzingfoarstellen

De kongreskommisje nûget ynteressearren út om in lêzingfoarstel foar it dielkongres oer taal en taalkunde yn te tsjinjen. Gearfettingen (maksimaal 500 wurden, ynklusyf referinsjes) foar lêzingen en posterpresintaasjes moatte ynstjoerd wurde fia it online platfoarm, http://linguistlist.org/easyabs/FH2018, úterlik op 8 jannewaris 2018 om 23:59 oere (ferlingde deadline!). Rinnend ûndersyk en ûndersyksplannen binne tige wolkom yn de postersesje. De fiertalen fan it sympoasium binne Ingelsk, Frysk, Nederlânsk en Dútsk.

Download de oprop (Fryske ferzje) (Ingelske ferzje).

  

Ynskriuwe

De registraasje foar de konferinsje is no iepen: www.frisianhumanities.nl

Studinten kinne registrearje mei 50 persint koarting. By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.

Konferinsjebesikers kinne tsjin in redusearre taryf hotels yn Ljouwert boeke en 15% koarting op in KLM-fleanticket krije fia de ynskriuwside.

 

 

Gewoane priis

Studinten

1 dei

€ 80,00

€ 40,00

2 dagen

€ 80,00

€ 40,00

3 dagen

€ 160,00

€ 80,00

4 dagen

 

€ 160,00

€ 80,00

 

Wichtige data

    • 8 jannewaris 2018: ferlingde deadline foar yntsjinjen lêzingfoarstellen
    • 22 jannewaris 2018: berjocht fan akseptearjen
    • 23 o/m 26 april 2018: Conference on Frisian Humanities

       

      Kongreskommisje

      • drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
      • dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
      • dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
      • dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)

       

      Kontakt