Skip to main content

Stiper wurde

 

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. En dy’t fia wurkgroepen en stúdzjerûnten ek sels in bydrage leverje kinne oan it wurk fan de Fryske Akademy. 

 

Op 'e hichte en belutsen

As stiper fan de Fryske Akademy bliuwe jo goed op ‘e hichte en wurde jo nûge foar ferskate aktiviteiten: lêzingen, sympoasia en fansels de jierlikse Akademydei yn septimber. 

Sa krije stipers twa kear it jier it stipersblêd Ut de Smidte thús stjoerd. As stiper hawwe jo de mooglikheid fergees diel te nimmen oan de aktiviteiten fan wurkgroepen en stúdzjerûnten fan de Fryske Akademy. Stipers kinne gauris fergees of mei koarting dielnimme oan kongressen en sympoasia. 

De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke (neffens de besteande wetlike regelingen).

 

Opjefte

Foar € 25,00 it jier binne jo al stiper. Studinten wurdt it stiperskip oanbean foar € 20,00. Stjoer in mail nei fa@fryske-akademy.nl mei jo kontaktgegevens, dan nimme wy sa gau as mooglik kontakt mei jo op. Wolle jo yn de titel fan de e-mail 'Nije stiper' skriuwe?

 

Stipersbydrage 2023

Binne jo al stiper fan de Fryske Akademy? En moatte jo jo stipersbydrage fan 2023 noch betelje?

  • Gean nei de betelside foar it beteljen fan jo stipersbydrage fan 2023.