Skip to main content

1666: De Ingelske Fuery op Flylân en Skylge

Jiersympoasium Wurkgroep Maritime Skiednis

    Datum en tiid: sneon 21 jannewaris 2017 | 14.00-18.30
    Plak: Maritieme Academie Harlingen, Almenumerweg 1, 8861 KM Harns (foar it stasjon oer)
    Mear ynformaasje: Tel. 06-51 66 95 27 (Jelle Jan Koopmans, skriuwer Wurkgroep)
    Utnûgingsfolder: download hjir (pdf)

 

Under lieding fan skout-by-nacht Robert Holmes foel in Ingelske float it Fly tusken Flylân en Skylge yn op 19 en 20 augustus 1666. De Ingelsen foelen earst de foar anker lizzende keapfardijskippen oan en dêrnei it doarp West-Skylge. Alles gie yn flammen op. De skea wie tige grut. De goed 150 keapfarders wiene laden mei fracht foar de Eastsee. De wearde waard rûsd op 2 à 3 miljoen gûne. West-Skylge gie hast folslein troch brân ferlern. East-Flylân waard as in wûnder sparre troch opkommend min waar.

Dizze foarfallen foarmen it Nederlânske djiptepunt yn de Twadde Ingelske Oarloch (1665-1667). De Republyk naam revâns yn 1667 mei de gong nei Chatham, wêrnei 't dizze oarloch mei in geunstige frede beëinige wurde koe.

De Ingelske Fuery hat altyd folle minder omtinken krigen as de romrofte tocht nei Chatham. Neffens de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy hat it doel om dy episoade út de skiednis te beljochtsjen mei de ynsjoggen fan no.

 

 

Programma

13.30Untfangst mei kofje/tee
14.00Iepening fan it sympoasium troch Rob Leemans (foarsitter Wurkgroep Maritime Skiednis) en Peter Tolsma (deifoarsitter)
Wolkom Maritieme Academie Harlingen troch direkteur Arjen Mintjes
Het belang van Vliestroom en Texelstroom voor de Koopvaardij troch Paul van Royen
De Marine-organisatie ten tijde van de Republiek troch Adri van Vliet
De Engelse Zeeoorlogen troch Jaap de Kam
15.45Skoft
16.15De Ramp op het Vlie troch Anne Doedens
De Brand van West-Terschelling troch Frans Breukelman
Holmes Bonfire als politiek-culturele clash troch Gijs Rommelse
17.45Ofsluting troch Rob Leemans
18.00Buorrel mei oanslutend buffet

Tagong en opjefte

It sympoasium is foar elkenien tagonklik. Opjaan en betelling fia ynternet hat ús foarkar. Gean dêrfoar nei it registraasje- en betelformulier.

 

 

Oer de Wurkgroep Maritime Skiednis

Dizze wurkgroep fan de Fryske Akademy is oprjochte yn 2009 mei as doel it befoarderjen fan de stúdzje nei de maritieme skiednis fan Fryslân, ûnder oaren troch it organisearjen fan in jierlikse sympoasiumdei. Lês mear op dizze side oer de aktiviteiten fan de Wurkgroep Maritime Skiednis.