Skip to main content
Middenpaniel fan 'e Viglius-triptyk (1571) fan Frans Pourbus. Kolleksje Sint Baafskathedraal, Gent (België)

Kultuer yn iermodern Fryslân

Yn dizze temagroep wurdt neigien hoe't polityk en religieus fersnifeljen yn Fryslân tusken 1480 en 1800 bydroegen hawwe ta it ûntstean fan in Fryske identiteit.

Om 1520 hinne waard Westerlauwersk Fryslân nei desennia fan striid by it Bourgondysk-Habsburchsk lannekompleks oanhechte. Mar út Brussel wei besjoen, bleau it in bûtengewest. Yn 'e tiid fan 'e Republyk jilde Fryslân ek as de antipoade fan Hollân. Sa beholden de noardlike gewesten in eigen steedhâlder dy't meastentiids yn Ljouwert residearre en wiene hjir yn ferhâlding mear minsken by de politike beslútfoarming belutsen as op oare plakken. As rjochtfeardiging fan dy eigen ynstellingen berôpen yntellektuelen en bestjoerders har op it konsept fan 'e ‘Fryske Frijheid’.

Yn religieus opsicht behold Fryslân ek in eigen sinjatuer. It relative isolemint fan it gewest makke dat hjir nei de Reformaasje in aardich grutte doperske minderheid oerein bleau. Dêrneist slaggen de katoliken deryn om, nettsjinsteande it ferdwinen fan 'e âlde tsjerklike struktueren, nije mienskippen op te bouwen. Gruttere groepen, mar lang net elkenien, waarden dan wer oan 'e befoarrjochte grifformearde tsjerke bûn.

Polityk en religieus fersnifeljen droegen beide by ta it ûntstean fan in Fryske identiteit. Dy soe yn 'e tiid fan 'e Romantyk hieltyd sterker kultivearre wurde, mar de kimen derfan waarden al yn 'e iermoderne perioade lein. Yn dizze temagroep wurdt neigien hoe't dat barde. Trije projekten en de byhearrende dielprojekten smite ljocht op ferskillende fasetten fan dat proses.