Skip to main content

Macht, besit en romte yn Fryslân

Sintraal yn dit ûndersykstema stiet de langetermynûntjouwing fan 'e besits- en machtsferhâldingen yn 'e Fryske lannen tusken Fly en Iems.

Mei dit ûndersykstema wurdt neigien hoe't de bewenners fan midsiuwsk Fryslân in yn tal fan opsichten bysûndere kommunale autonomy (de bekende Fryske frijheid) wisten te winnen en dy, nei de 16de-iuwske perioade ûnder Saksysk en Habsburchsk foarstegesach, yn 'e tiid fan 'e Republyk op 'e nij yn soevereine gewesten stal joegen. Dat bart troch it útfiere litten fan dielûndersiken en edysjeprojekten wêryn't mei help fan alle beskikbere boarnen en metoaden it pleatse- en huzebesit fan 'e belangrykste machtspartijen (tsjerke, adel, frije boeren en stedspatrisiaat) romtlik rekonstruearre en yn kaart brocht wurdt. 

Efterlizzend eachmerk is de sosjaal-ekonomyske eftergrûn fan 'e rike mar relatyf egalitêre basisstruktuer fan 'e Fryske mienskip te efterheljen. Ofhinklik fan 'e dieltema’s wurde ferlykjenderwize dêrta ek de oan Fryslân grinzjende gebieten yn 'e beskôging belutsen. 

Projektlieder prof.dr. Hans Mol op syn wurkkeamer. Foto: Traci White

Undersyksdoelen

De kommende jierren rjochtsje wy ús op it winnen fan ynsjoch yn:

  • It ûntstean fan formative delsettingsstruktueren (haaddoarpen, tsjerken en pleatsen) yn it terpegebiet yn 'e 10e en 11e iuw;
  • De relaasje tusken kleasters en maatskippij yn midsiuwsk Fryslân en Grinslân tusken de 12e en 16e iuw;
  • De fasearring en opset fan 'e grutte ûntginningen yn feangebieten fan Súd-Fryslân en oangrinzjende gebieten;
  • De ferhâlding tusken de adel en de stân fan 'e eigenerfde boeren as dragers fan it kommunale bestjoer yn Westerlauwersk Fryslân oant likernôch 1500;
  • De kommunale autonomy en it funksjonearjen fan 'e militêre striidberens yn 'e lette midsiuwen en iere 16e iuw;
  • De kontinuïteit en diskontinuïteit fan huzen en húsnûmers yn 'e Fryske stêden 1750-1900 foar de bou fan in urbane histoaryske GIS-ynfrastruktuer.