Skip to main content

Taalbehâld en taalferlies yn it Frysk: in sosjolinguistysk profyl

Meartaligens en taal learen

De Fryske standerttaal is goed beskreaun en der is in protte ynformaasje foarhannen oer it gebrûk fan it Westerlauwersk Frysk, oer syn dialekten en de sosjologyske posysje. De feitlike linguistyske situaasje yn Fryslân is lykwols ûnbekend. De útkomst fan dit projekt moat mear ynsjoch jaan yn ûnderskate soarten Frysk dy’t hjoed-de-dei brûkt wurde en hoe't dy ferskate profilen ferbannen lizze mei sosjologyske, geografyske en demografyske fariaasje yn de maatskippij. Njonken foar de hân lizzende faktoaren as âldens en plak (plattelân - stêd), is mear ynsjoch te ferwachtsjen yn de ynfloed fan taalhâlding, taalgebiet, taalûnderwiis en Frysktalige media. Dit projekt wurdt útfierd yn nau oparbeidzjen mei it sosjologyske taalsurvey, “Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje”.

 

Promovendus (AyO)
Nika Stefan MA

Promotor
prof. dr. Arjen Versloot

Ko-promotor
dr. Edwin Klinkenberg

Undersykstema
Meartaligens en taal learen

Rintiid
01/05/2013-21/11/2017

Gearwurkingsferbân mei
UCF/UCL, Universiteit fan Amsterdam

 

"Seekobbe" yn it sprutsen Frysk. Boarne: dialektsurveys Fryske Akademy, 1978-1996

De Fryske sprektaal wykt ôf fan de Fryske standert, oftewol fan in taalfariant, dy’t fêstlein is yn wurdboeken en grammatika’s en dy’t benammen op skrift brûkt wurdt. De ferskillen hawwe benammen te krijen mei de dialektyske fariaasje en Nederlânske ynterferinsjes: wurden en grammatikale konstruksjes dy’t oernommen binne út de rykstaal. Yn it Standertfrysk wurdt in dialektseleksje tapast (der wurdt in kar makke út ferskate dialektfoarmen) en wurde Nederlânske ynterferinsjes suver hielendal ôfwiisd. De Fryske sprektaal kent dêrtsjinoer gjin dialektseleksje (elkenien praat syn eigen dialekt) en Nederlânske ynterferinsjes binne dêr in ûnderdiel fan. Dêrneist hawwe yn it sprutsen Frysk noch oare feroaringen plak, dy’t tegearre mei dialektyske ferskillen en Nederlânske ynterferinsjes foar in rike taalfariaasje soargje. It doel fan dit projekt is om mear ljocht op dy fariaasje te skinen en om dy yn ferbân te bringen mei faktoaren as (taal)achtergrûn, taalbehearsking en taalattitude.

Dit projekt wurdt útfierd yn in nau oparbeidzjen mei it sosjologyske taalsurvey “Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje”. Trochdat beide projekten deselde respondinten hawwe, is it mooglik om de útkomsten direkt te ferlykjen.

 

Type ûndersyk

It projekt foeget trije ûndersyksmêden gear:

  • taalkundich ûndersyk,
  • sosjolinguistysk ûndersyk en
  • sosjologysk ûndersyk.

It doel fan it taalkundige ûndersyk is om mear ynsjoch te krijen yn it taalgebrûk fan Friezen dat per gebiet, mar ek per sprekker ferskillend wêze kin. Sa wurdt der sjoen nei ûnderskate dialektyske farianten, mar ek nei oare fariaasje yn it (sprutsen) Frysk, dy’t net perfoarst bûn is oan in bepaalde regio. Likegoed wurde mooglike feroaringen en ferskowingen yn it Frysk ûndersocht dy’t al as net relatearre binne oan it taalkontakt mei it Nederlânsk.

Yn it ramt fan it sosjolinguistysk ûndersyk wurdt it taalgebrûk yn ferbân brocht mei de taalsprekker sels. Sa wurdt der ûndersocht hoe’t faktoaren as (taal)achtergrûn, (selsrapportearre) taalbehearsking en taalhâlding ien syn taalgebrûk beynfloedzje kinne.

As lêste wurde de resultaten fan it nije sosjologyske ûndersyk (“Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje”) ferlike mei de útkomsten fan de foarige taalsurveys: “Taal yn Fryslân” (1980) en “Taal yn Fryslân op ’e nij besjoen” (1994). Dat wurdt dien yn it ramt fan it sosjologyske ûndersyk en hat as doel om de resinte ûntwikkelingen yn Fryslân, mei de taal as sintraal ûnderwerp, yn kaart te bringen.

 

Fraach út de Fryske taalhifking fan 2015.

Undersyksmetoade

It ûndersyk wurdt útfierd yn twa stappen:

    1) online taalhifking,
    2) ynterviews.

De online taalhifking is in multiple choice-fragelist en giet oer ferskillende aspekten fan de Fryske taal, benammen de fariaasje yn it sprutsen Frysk. Respondinten dy’t yn de sosjologyske fragelist (part fan “Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje”) oanjûn hienen it Frysk machtich te wêzen, waarden trochskeakele nei de Fryske taalhifking.

Foar dit part fan it ûndersyk waarden 30.000 (random selektearre) ynwenners fan Fryslân oanskreaun mei in fersyk om mei te dwaan. Sy krigen in brief mei in ynlochkoade tastjoerd.

Yn it twadde part fan it projekt wurde 250 respondinten ynterviewd oer harren taalgebrûk. Tagelyk krije se ek ferdjipjende sosjologyske fragen yn it ramt fan it sosjologyske taalsurvey. Dy groep respondinten is in subgroep fan minsken dy’t de online fragelisten ynfolle hawwe en dy’t ree wienen om mei te dwaan oan in ferfolchûndersyk.

 

Wêrom dogge wy dit?

De útkomsten fan dit projekt jouwe mear ynformaasje oer it Fryske taalgebrûk en wêr’t it troch beynfloede wurdt. Net allinnich is dat fan belang foar taalwittenskippers, mar it kin ek wichtich wêze foar ûnderwizers en beliedsmakkers. Tagelyk kin it ûndersyk elkenien oansprekke dy’t niget oan it Frysk hat en/of dy’t dêr mear fan witte wol.

 

Publikaasjes

Stefan, M. H., Klinkenberg, E. L., & Versloot, A. P. (2015). Frisian sociological language survey goes linguistic: Introduction to a new research component. In A. J. Brand, E. Hoekstra, J. Spoelstra, & H. Van de Velde (eds.), Philologia Frisica Anno 2014. Lêzings fan it tweintichster Frysk Filologekongres fan de Fryske Akademy op 10. 11 en 12 desimber 2014. (pp. 240-257). Ljouwert: Fryske Akademy; Afûk.