Skip to main content

Nijsberjochten

sep

22

Mercator en it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) nûgje jo út foar in iepen petear oer taalferskaat yn de rjochtbank: hoe sit dat eins?

Mear lêze

sep

20

Hasto in HBÛ- of universitêre oplieding op it mêd fan taal, meartaligens en/ of ûnderwiis en fynst it in útdaging om yn teamferbân te wurkjen oan...

Mear lêze

sep

15

Foar de workshop 'Coastal wilderness and cultural landscape?' kinne oant 1 oktober útstellen foar in lêzing yntsjinne wurde.

Mear lêze

sep

14

Trije kennisgebieten foarmje de basis foar it ûndersyk fan de Fryske Akademy de kommende jierren.

Mear lêze

sep

13

Op freed 6 oktober 2023 organisearret it Taalkundich Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy wer in Dei fan de Fryske taalkunde.

Mear lêze

Sjoch mear nijsberjochten.

Eveneminten

sep

25

It ynternasjonale OWL+ konsortium presintearret de foltôge edukative modules oer Latgaleesk, Mirandeesk, Súd-Saami en Frysk.

Mear lêze

sep

26

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator fiere de Europeeske Dei fan de Talen mei in rûntepetear, poëzy en muzyk.

Mear lêze

sep

28

De Ostfriesische Landschaft en it Niedersächsisches Landesarchiv organisearje, yn 'e mande mei de Fryske Akademy, in dei oer (East-)Fryske identiteit.

Mear lêze

okt

06

De tolfde Dei fan de Fryske taalkunde wurdt organisearre troch it Taalkundich Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy. Tagong is fergees.

Mear lêze

okt

06

Fryske Akademy en Neerlandistiek.nl nûgje jo út foar de lansearring fan Frisistyk.nl, in nij online tydskrift wijd oan de Fryske taal- en letterkunde.

Mear lêze

Sjoch mear eveneminten

Segel Fryske Akademy

Fryske Akademy

Wy binne in akademysk ûndersyksynstitút foar de Fryske kasus, bewoartele yn de Fryske maatskippij en operearjend yn de ynternasjonale wittenskiplike wrâld.

Wy meitsje it Frysktalich en histoarysk erfguod tagonklik foar wittenskip, ûnderwiis en maatskippij en ûntwikkelje digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk.

 

Undersyksoutput


Publikaasjes

Op it ûndersyksportaal PURE fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) fine jo in oersjoch fan alle ûndersykspublikaasjes en -aktiviteiten en ferwizingen nei open access-publikaasjes fan de Fryske Akademy.

Mear lêze


Taaldatabank Frisian.eu

In webside mei in grut ferskaat oan (âld)Fryske taalboarnen, lykas data, tools en tsjinsten. Datasets kinne delhelle wurde, Json services binne frij beskikber. De ûnderlizzende data wurdt hieltyd ûnderhâlden.

Mear lêze


Taalportaal

Taalportaal is in Ingelsktalich digitaal neislachwurk dêr't alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, Frysk en Afrikaansk byinoar brocht is troch ûndersikers út Fryslân, Nederlân en Súd-Afrika.

Mear lêze­


Mear oer ús ûndersyksoutput

 

Projekten


Frysker: Help by it Frysk skriuwen

Frysker.nl is in site mei helpmiddels foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol, lykas in oersetter, staveringshifkers en wurdboeken. De earste 30.000 wurden fan it nije Nederlânsk-Frysk wurdboek steane ek op Frysker.

Mear lêze


Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

Mear lêze


Historisch Geografisch Informatiesysteem

Yn it âldste kadaster (1832) binne op HisGIS.nl 3 miljoen perselen krekt yn kaart brocht. Dêrop slute kaartlagen oan - fan loftfoto's oant iermoderne lânmetersopnamen - dy't mei-inoar te kombinearjen binne.

Mear lêze


Mear oer ús ûndersykstema's

 

Leden en stipers fan 'e Fryske Akademy

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, foar de Fryske kultuer, of fanwegen in grutte niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien. Lês mear oer leden en lidmaatskip.

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke. Lês mear oer it stiperskip.