Skip to main content

23-26 april 2018: 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert-Fryslân 2018.

It kongres is in foarum foar wittenskiplik debat oer taal en kultuer yn de Fryske lannen, no en yn it ferline en yn ynternasjonaal perspektyf, mei it doel om te redendielen oer empiryske, metodologyske en teoretyske kwestjes.

 

Fjouwer sympoasia

It Frysk Geasteswittenskiplik Kongres bestiet út in rige fan fjouwer sympoasia ‒ oer Taal en Taalkunde, Literatuer, Midsiuwsk Fryslân en Meartaligens ‒ dêr't sa'n hûndert lêzingen holden wurde. Mear ynformaasje is te finen op de siden fan de sympoasia:

  • Taal en Taalkunde (moandei 23 en tiisdei 24 april), lêzingen fan ûnder oaren: Naomi Nagy (Universiteit fan Toronto) – ‘Francoprovençal in Europa and North America: Vitality and Variability’; Peter Schrijver (Universiteit Utert) ‘The origins of the Frisian language: inheritance and contact’;
  • Letterkunde (moandei 23, tiisdei 24 en woansdei 25 april), lêzingen fan ûnder oaren: Wilken Engelbrecht (Palacký Universiteit, Olomouc): ‘Fries en Friese literatuur vanuit een Centraal-Europees perspectief’;  Goffe Jensma (Ryksuniversiteit Grins): ‘Yntermedialiteit yn de Fryske poëzy, 1992-2017’;

It Frysk Geasteswittenskiplik Kongres is de opfolger fan it Frysk Filologekongres.

 

Ynskriuwe

Ynskriuwe kin fia de boppesteande links, of streekrjocht fia: www.frisianhumanities.nl.

De kongresbydrage is € 80 foar elk sympoasium apart. De bydrage foar de hiele konferinsje ‒ 2 sympoasia/4 dagen ‒ is € 160. Studinten betelje de helte. Wiet en drûch (lunch, kofje en tee) is by de priis ynbegrepen.

Underkommen
Nei de registraasje wurde jo op 'e hichte brocht oer de hotelakkommodaasjes yn Ljouwert. Underskate hotels hawwe yn de kongreswike keamers tsjin spesjale prizen. Omdat der fan 't jier in soad fraach wêze sil nei hotelkeamers, riede wy jo oan om jo sa gau mooglik foar it kongres oan te jaan en ek sa gau mooglik in keamer te reservearjen.