Skip to main content

Midsiuwsk Fryslân | 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert - Fryslân 2018.

Op 23 en 24 april sil de klam op midsiuwsk Fryslân lizze, mear spesifyk op de neikommende trije tema's:

  • Midsiuwsk Fryslân 1000-1500
  • Rjochtskultuer yn Fryslân (midsiuwen, oant 1700) mei in fokus op de ynfloed fan Romeinsk en kanonysk rjocht yn Fryslân
  • Mytology fan de Fryske Frijheid

  

Programma

Download hjir it programma (pdf, definitive ferzje 16 april 2018).
Download hjir it folsleine programma mei de gearfettings (pdf, definitive ferzje, 17 april 2018).

  

Ynskriuwe

De registraasje foar de konferinsje is no iepen: www.frisianhumanities.nl

Studinten kinne registrearje mei 50 persint koarting. By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.

Konferinsjebesikers kinne tsjin in redusearre taryf hotels yn Ljouwert boeke en 15% koarting op in KLM-fleanticket krije fia de ynskriuwside.

 

 

Gewoane priis

Studinten

1 dei

€ 80,00

€ 40,00

2 dagen

€ 80,00

€ 40,00

3 dagen

€ 160,00

€ 80,00

4 dagen

 

€ 160,00

€ 80,00

 

Kongreskommisje

  • drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
  • dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
  • dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
  • dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)

 

Kontakt