Skip to main content

Utjeften

De Fryske Akademy hat yn syn bestean mear as tûzen boeken útjûn op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Op termyn komme in tal fan nije en âlde útjeften op dizze side beskikber. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan tydskriften en jierboeken en in tal fan online publikaasjes dy't fergees download wurde kinne.

  • Us ûndersyksoutput (lykas proefskriften, artikels en oare publikaasjes fan ús meiwurkers) binne te finen yn ús publikaasjeoersjoch.

 

Tydskriften, jierboeken en kongresbondels

Us Wurk

  • Fan 2022 ôf sille de Stifting Freonen Frysk, Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (FFRUG) en de Stifting Fryske Akademy gearwurkje by it útjaan fan Us Wurk. Us Wurk is it tydskrift foar frisistyk. Sa kin de Fryske Akademy trochgean mei it op wittenskiplik nivo bekend meitsjen fan syn ûndersyk en it ynsjoch bieden yn de stân fan de frisistyk. 
     

De Vrije Fries

 

Genealogysk Jierboek

  • It Genealogysk Jierboek wurdt sûnt 1951 útjûn troch de Fryske Akademy en stiet ûnder redaksje fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Alle jiergongen fan 1990 ôf binne online beskikber. 

 

Philologia Frisica

  • Philologia Frisica is in kongresbondel mei in seleksje fan lêzingen fan it Frysk Filologekongres, dat tusken 1956 en 2014 in ynternasjonaal poadium wie foar wittenskiplik debat oangeande de frisistyk. Alle kongresbondels binne online beskikber. 

  

Literêre Rigen

  • De Fryske Akademy hat sûnt har oprjochting yn 1938 mear as tûzen publikaasjes útjûn. Under oaren literêre rigen: Magnus Rige, Iduna Rige, Holder Rige en Minsken en Boeken. Sjoch foar in oersjoch dizze side, mei ferwizingen nei online beskikbere publikaasjes.

 

It Beaken

  • It Beaken is it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy. It is in meartalich poadium fan en foar wittenskippers dy’t harren útlizze op it beoefenjen fan wittenskiplik ûndersyk nei de skiednis fan Fryslân, de Fryske taal en letterkunde en aspekten fan de hjoeddeiske Fryske maatskippij. It Beaken is fan jiergong 71 (2009) ôf online beskikber. Gean nei: www.fryske-akademy.nl/itbeaken.
    Ein 2019 is it alderlêste nûmer fan It Beaken útjûn. It tydskrift is fudearre mei Us Wurk, it tydskrift foar frisistyk (útjûn troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút RU Grins). 

 

 

Undersyksrapporten

De Fryske Akademy fiert geregeldwei tapaste ûndersyksprojekten út, lykas op it mêd fan Frysk taalgebrûk of ekonomysk belied. Hjirûnder binne in tal resinte ûndersyksrapporten gearbrocht.

 

Taalstúdzjes

 

Ekonomyske fitaliteitsskens Noardeast-Fryslân (2016-'19)

In rige fan fjouwer stúdzjes, part fan in mearjierrich ûndersyk nei ekonomysk belied yn de regio Noardeast-Fryslân. Yn dizze jierrapporten wurde trends en ûntwikkelingen yn wurden en sifers beneamd.

 

Agri & Foodscan Fryslân (2018-'20)

In rige fan trije stúdzjes snijt de wichtichste tema’s yn ’e Fryske agri & food-sektor oan.

    

Rapporten fan Mercator Research Centre

Geregeldwei fiert kennissintrum Mercator ûndersyk út yn opdracht fan it Europeesk Parlemint, Provinsje Fryslân of in Fryske gemeente. 

 

Online publikaasjes

Der binne ek online publikaasjes te downloaden en te besjen. Yn 'e takomst sille wy op ús website in grutter tal Akademy-útjeften as PDF oanbiede.

 

Fryske taalkunde

  • Taalportaal sammelet alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, it Frysk en it Afrikaansk op 'e neikommende mêden: lûdlear ofwol fonology, wurdlear ofwol morfology en sinlear ofwol syntaksis. De website is opboud neffens in wiki-eftige struktuer. Gean nei: www.taalportaal.org.
  • Sprachlehre des Saterfriesischen 2022: grammatika fan it Frysk fan Sealterlân mei mear as 55.000 wurden.
  • Foarriedige bibliografy fan artikels oer de taalkunde fan it Nijfrysk (ferzje 01-04-2017, PDF): bibliografy fan taalkundige artikels oer it moderne Frysk (nei 1800) dy't oant 2017 ferskynd binne op it mêd fan syntaksis, morfology, fonology, leksikografy, dialektology, taalkontakt en taalferoaring en ortografy.
  • Fryske staveringshifkers binne as downloads beskikber op de website Taalweb Frysk: www.taalweb.frl/downloads.
  • It Frysk-Ingelsk Wurdboek (2000) fan Anne Dykstra is beskikber as pdf-bestân.
  • Wurdlisten fan 'e Fryske stedsdialekten (Fryske Akademy, 1998) troch Pieter Duijff. Wurdlisten fan 'e sân stedsdialekten fan Ljouwert, Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Snits en Starum, dy't de ferskillen tusken de dialekten sjen litte en in systematysk ferlykjen mooglik meitsje.

 

Skiednis: boarneútjeften