Skip to main content

Fryske Rie foar Heraldyk

Lykas de namme al oanjout, is de Fryske Rie foar Heraldyk in kommisje dy't rie jout. Dy rie leit op it mêd fan wapens fan de provinsje, de gemeenten, de wetterskippen, de wapens fan steden, flekken en doarpen en de besteande famyljewapens. Boppedat ûntwerpt de Rie wapens, flaggen en wimpels foar û.o. doarpen, famyljes en korporaasjes, lykas skoallen, ferienings ensfh.

Fierders is de Rie warber op it mêd fan it flagge-protokol, it advisearjen by restauraasjes (heraldyske ôfbyldings), it jaan fan lêzings en heraldyklessen. Dêrneist fersoargje guon leden publikaasjes oer ferskate heraldyske ûnderwerpen. Ien en oar moat te krijen hawwe mei de Fryske lannen.

De Fryske Rie foar Heraldyk is oprjochte yn 1956 en is it âldste provinsjaal heraldysk kolleezje yn Nederlân en bestiet út spesjalisten, dy't op grûn fan harren saakkundigens ta lid fan de Rie beneamd binne. It giet by dizze rûnte dus net om in wurkferbân dat frij tagonklik is. Stipers en leden fan 'e Akademy kinne dêrom gjin lid wurde fan 'e ried.

 

Oprjochtingsjier

1956

 

Bestjoer en kontakt

  • Foarsitter: mr. J.T. Anema
    Twadde foarsitter: J.C. Terluin
    Skriuwer: K.J. Bekkema (e-mail)
    Leden: R.J. Broersma, P.H. van den Muijzenberg, S. Hoekstra en dr. C. Kuiken.
    Download de ledelist mei kontaktgegevens (pdf-dokumint).