Skip to main content

1 miljoen ekstra foar Akademy

De Ried fan Tafersjoch en direkteur-bestjoerder a.i. Willem Smink fan de Fryske Akademy binne wiis mei it beslút fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten om it ûndersyksynstitút finansjeel te stypjen. ‘De foarnommen reorganisaasje wurdt hjirmei mooglik makke en sa kin de Fryske Akademy wer wurkje oan in sûne takomst’, seit ynterim-direkteur Willem Smink yn in reaksje.

Deputearre Steaten stelle in pakket maatregels út dat in optelsom is fan ekstra finansjele stipe, feroarings yn de organisaasje, stappen dy’t de Fryske Akademy sette moat en de ferhâlding fan de FA ta de KNAW.

DS lûke 1 miljoen euro ekstra foar de FA út. It giet om 200.000 euro yn ’t jier yn de perioade 2020-2024. Dat komt by de 1,2 miljoen euro dy’t de provinsje alle jierren al jout. Mei de ferheging rint de provinsje aanst lykop mei de jildstream fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip foar de FA.

Ek komt 350.000 euro beskikber foar in needsaaklike reorganisaasje. DS wolle him boppedat ynspanne en besjoch oft personiel by de provinsje of oare organisaasjes oan ’e slach kin.

Smink: ‘Kânsen om effisjinter te wurkjen’

Nei alle gedachten sille Provinsjale Steaten yn desimber oer de útstellen fan Deputearre Steaten kedize. As se ek akkoart geane, kin in nije direkteur-bestjoerder foar de Fryske Akademy wûn wurde.

It provinsjebestjoer leit de klam op de needsaak foar gearwurking tusken de Fryske taal- en kultuerynstellingen. Dy klam wurdt ek ûnderskreaun troch de Fryske Akademy. 'Wy sjogge hjir kânsen om effisjinter te wurkjen en mear kennis en ynsichten op te bouwen yn de Fryske maatskippij', seit Willem Smink.

 

Links

Downloads