Skip to main content

Al 200 kandidaten Grut Frysk Diktee

Der is in soad belangstelling foar it Grut Frysk Diktee dat op 21 april holden wurdt. Fan heal febrewaris ôf hawwe al 200 minsken it kwalifikaasjediktee makke.

De foarsitter fan de organisaasje fan it Grut Frysk Diktee Hindrik Sijens is optein: “Noch net earder wiene der safolle minsken dy’t kâns meitsje woenen op in plakje yn de Steateseal om te striden foar it Gouden dakje. It Grut Frysk Diktee waard foar it lêst hâlden yn it Kulturele Haadstêdjier 2018. Oan dy spesjale iepen edysje op it Aldehoustertsjerkhôf dienen mear as 600 minsken mei. Ik tink dat we no profitearje fan de bysûndere jûn dy’t we doe mei inoar hân hawwe.” Yn de Steateseal binne 54 plakken beskikber, dêrom is der dit jier wer in foarseleksje.

Kwalifisearje kin noch

Minsken dy’t meidwaan wolle, kinne harren oant 16 maart online fia de website www.fryskdiktee.nl oppenearje troch it kwalifikaasjediktee te meitsjen. Njonken de kandidaten dy’t har kwalifisearje, binne der fiif plakjes foar de bêste eineksamenkandidaten havo/vwo Frysk. It Grut Frysk Diktee wurdt op tiisdeitejûn 21 april hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Live meiskriuwe

It diktee kin thús live meiskreaun wurde fia de website www.fryskdiktee.nl. Nei ôfrin witte de thúsmeidoggers fuort hoe’t se it der fan ôf brocht hawwe. It diktee hat dit jier as tema Frijheid en is skreaun troch skriuwer en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.

Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2020.

Organisaasje

De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Provinsje Fryslân.  

Folgje de Facebookside fan it Grut Frysk Diktee https://www.facebook.com/fryskdiktee/  foar it lêste nijs en skriuwtips.