Skip to main content

Blomlêzing Jouwert Jouwertsma

Freedtemiddei 10 septimber is op de Akademydei yn it WTC yn Ljouwert de blomlêzing út it wurk fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889) presintearre: Lang haw 'k net nei skoalle west. De samling proaza en poëzij is besoarge en ynlaat troch Rients Aise Faber. 

It boek is útkommen yn 'e Iduna-rige, rige njoggentjinde-iuwske teksten fan de Fryske Akademy. It earste eksimplaar is oanbean oan direkteur-bestjoerder Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm.

Sjoch fierder: https://sirkwy.frl/index.php/nijs/1840-blomlezing-jouwert-jouwertsma-ferskynd