Skip to main content

De Vrije Fries sjocht werom op LF2018

Krekt ferskynd is it 99ste nûmer fan it jierboek De Vrije Fries, mei spesjaal omtinken foar it ôfrûne Kulturele Haadstêdjier Leeuwarden-Ljouwert 2018.

In stik of trije essays reflektearret op it fenomeen fan regionale identiteit nei it Kulturele Haadstêdjier 2018: Tymen Peverelli en Milou van Hout oer Fryske stêdsfestivals yn Ljouwert, Bert Looper oer LF2018 yn it ljocht fan identiteitsfoarming en in skôging fan de earste LF2018-direkteur Oeds Westerhof oer de rispingen fan it kulturele barren. 

Dêrneist is der in bydrage fan Jonathan Israel, dy't op 8 maaie 2018 in lêzing yn Tresoar hie mei as titel: 'Friesland and the Rise of Democratic Republicanism in the Western World (1572-1795)'. Alpita de Jong kaart oan hoe't de net-Fryske objekten yn de samling âldheden fan Joast Halbertsma út it Frysk Museum en it kollektyf ûnthâld ferballe waarden.

Fierders binne der bydragen fan Hilda Amsing en Linda Greveling oer de Frjentsjerter Anna Maria van Schurmanskoalle, fan Evert Kramer en Gilles de Langen oer âldheidkundige Jan Zijlstra en in boekbesprek troch Jorrit Huizinga. 

De Vrije Fries is in útjefte fan it Frysk Genoatskip en de Fryske Akademy.