Skip to main content

Direkteur Brand hâldt takom jier op

Direkteur-bestjoerder Hanno Brand fan de Fryske Akademy hâldt takom jier op yn dizze funksje. Hy sil yn ’e rin fan 2018 syn taken oerdrage oan in opfolger en him wer op de wittenskip rjochtsje. Brand stiet sûnt 2013 oan it haad fan dizze wittenskiplike ynstelling, dy’t ûndersyk docht nei de Fryske taal, meartaligens en regionale skiednis.

Oan ’e ein fan syn earste termyn fan fiif jier as direkteur-bestjoerder hat Hanno Brand koartlyn de Ried fan Tafersjoch witte litten, dat hy him graach wer mear dwaande hâlde wol mei de wittenskip. Hy sjocht dêrom ôf fan in werbeneaming foar nochris fiif jier. Histoarikus Brand is sûnt in skoftke ek bysûnder heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins.

De Fryske Akademy stiet yn 2018 foar in tuskentiidske beoardieling fan de wittenskiplike kwaliteit, de saneamde mid-term review. Dy sil ûnder Brand syn oanstjoering plakfine. Tagelyk wurdt der by alle wittenskiplike ynstituten yn Nederlân, meast lykas de Fryske Akademy feriene ûnder de paraplu fan de Koninklijke Nederlandse Academie voor Wetenschappen (KNAW), in diskusje fierd oer de takomst. It docht bliken dat der hieltyd mear spanning komt te stean op de wittenskiplike kwaliteit en it jild dat dêrfoar beskikber is. Ek de Fryske Akademy hat dêrmei te krijen en sil foar de takomst keuzes meitsje moatte om ek finansjeel sûn te bliuwen. Net allinnich rinne de jildstreamen fan de oerheden – yn it gefal fan de Fryske Akademy: it Ryk en de Provinsje Fryslân – werom, it wurdt ek stadichoan dreger om jild by bedriuwen of oare organisaasjes te finen foar wittenskiplik ûndersyk.

Om de Fryske Akademy op in goede wize yn dizze diskusje te begelieden, hat de Ried fan Tafersjoch Willem Smink út Grins frege as prosesbegelieder fan bûten. Smink wie oant dit jier foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL). Hy sil yn 'e mande mei direksje, managementteam en projektlieders fan de Fryske Akademy wurkje oan in stevige takomstfyzje op de Akademy, dy’t der yn de earste helte fan 2018 lizze moat.