Skip to main content

Frijwilligers socht foar HisGIS

Wurdsto HisGIS citizen scientist? En helpst mei it noch restearjende part fan it âldste kadaster fan Nederlân foar HisGIS te digitalisearjen?

Wy sykje entûsjaste frijwilligers foar dit wittenskiplik projekt fan nasjonaal belang. Om perselen te tekenjen (fektorisearjen) én om gegevens út de perseelregisters yn te fieren. Do wurkest ûnder begelieding fan meiwurkers fan it Humanities Cluster fan de KNAW en de Fryske Akademy.

Op it programma steane de ûntbrekkende stikken fan Noard-Hollân, Súd-Hollân, Noard-Brabân en Limboarch. Do wurkest mei gebrûksfreonlike ynfiermodules en der is in platfoarm foar it útwikseljen fan ûnderfiningen en it behanneljen fan fragen.

Ast ynstapst folgest in koart leartrajekt, mar it wurk is net yngewikkeld of technysk lestich. Tekeners mei Open Street Map-ûnderfining kinne fuortendaliks oan de slach. Kinst oanslute by rinnende projekten sadat dy gau ôfrûne wurde kinne. It is lykwols ek mooglik om eigen plakken en streken te kiezen.

Meiwurkje yn in community betsjut yn alle gefallen mienskiplik resultaten boeken dy 't troch in soad belanghawwenden brûkt wurde. 

Klik hjir foar mear ynformaasje oer HisGIS

Oanmelde kin fia helpmee@hisgis.nl