Skip to main content

Frisian MOOC: online kursus Frysk

Fan sneon 14 april ôf kin elkenien meidwaan oan in Massive Open Online Course – koartwei MOOC – oer de Fryske taal.

Dizze online kursus yn fjouwer wiken is ûntwikkele troch de Afûk en de Fryske Akademy. Op 14 april waard de kursus lansearre mei in feestlik barren yn it Talepaviljoen MeM yn ’e Prinsetún yn Ljouwert. De Frisian MOOC is no online foar elkenien oer de wrâld fergees tagonklik om op elk momint oan mei te dwaan.

Yn ‘e kunde komme mei it Frysk
It doel fan de Fryske MOOC is om benammen minsken bûten Nederlân yn ‘e kunde komme te litten mei de Fryske taal. Dêrom wurdt dizze MOOC yn it Ingelsk oanbean. Mar de kursus is fansels ek geskikt foar minsken dy’t yn Nederlân wenje en ynteressearre binne yn de twadde taal fan it lân. De MOOC giet benammen yn op it learen fan de basisbegjinsels fan it Frysk, mar nimt ek in stikje Fryske kultuer mei yn ’e lesstof. De kursus biedt lesstof foar fjouwer wiken. Alle wiken sille oare wurden en in oar tema sintraal stean. Kultueraspekten dy’t oan bod komme binne ûnder oaren Frysk teater en Frysk as taal yn ’e húshâlding.

Online
Om’t it om in online kursus giet, kinne dielnimmers sels bepale wêr ’t en op hokker stuit oft se de kursus dogge, en hoefolle tiid oft se der oan besteegje. De kursus sil it hiele jier online beskikber bliuwe.

Fryske MOOC