Skip to main content

Fryske boarger grutsk op boeren

Goed twatredde fan de Friezen is grutsk op de Fryske boeren en hast de helte fynt it wichtich dat boerebedriuwen yn de takomst groeie kinne. Dat docht bliken út in panelûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau, yn oparbeidzjen mei de Fryske Akademy, ûnder 1800 ynwenners fan de provinsje.

Foar de ynwenners fan Fryslân is it in wichtige funksje fan it agraryske lânskip dat dat foar bisten en planten in goede omjouwing is om yn te ferkearen en dat it him brûke lit foar it produsearjen fan iten en foar rekreëarjen en wenjen. De helte fan de minsken dy't oan it ûndersyk meidien hawwe, is fan betinken dat de media foar in negative byldfoarming oer boeren soargje. It ûndersyk is ûnderdiel fan de earste Agri & Foodscan, dy't de Fryske Akademy no woansdei yn Boalsert presentearje sil. Yn dy scan binne sifers, trends en ûntjouwings fan de Fryske lânbou en ferwurkjende yndustry fan it jier 2000 ôf yn byld brocht.

De agri-foodsektor soarget foar ien op de tsien banen yn Fryslân en is de fjirde sektor fan de regionale ekonomy. De sektor wint stadichwei oan, benammen troch de itens- en genotsmiddelyndustry, mar dee melkfeehâlderij spilet noch altyd in promininte rol. Mar leafst 64 prosint fan de Fryske lânboubedriuwen binne melkfeehâlderijen.

 

Griene konsuminten?! Underweis nei duorsume suvel

Woansdei 21 novimber o.s. presintearret de Fryske Akademy yn Boalsert syn earste Agri & Foodscan op in jûnssympoasium oer de 'griene konsumint'. Hoe kin de konsumint in bydrage leverje oan duorsume suvel? Miranda Visser (Fries Sociaal Planbureau) en Ronald Plantinga (Fryske Akademy) presintearje nij ûndersyk; dêrnei is der in diskusje mei Trienke Elshof (LTO Noord), Wiebren van Stralen (FrieslandCampina) en it publyk. Der binne dy jûns eksimplaren fan de earste Agri & Foodscan te krijen.

    Wannear: woansdei 21 novimber 2018, 19.45-21.30 oere
    Wêr: Marne College, Skoalstrjitte 1, 8701 DX Boalsert
    Tagong: de tagong ta it sympoasium is fergees, mar opjefte yn it foar wurdt op priis steld; dat kin fia it opjefteformulier.
    Fiertaal: Nederlânsk

 

Gean nei: