Skip to main content

Fryskpraters socht út Boarnsterhim

De Fryske Akademy ropt foar in grut ûndersyk nei sprutsen Frysk, ferskate generaasjes Frysktaligen út de eardere gemeente Boarnsterhim (de omkriten fan Grou, Jirnsum, Akkrum, Reduzum en Raerd) op om harren te melden. Wy dogge ûndersyk nei taalferoaring oer ferskate generaasjes hinne, en dêrom sykje wy trije generaasjes út ien famylje: beppe, mem en dochter, of pake, heit en soan.

Boarnsterhim Korpus

Fan 1982 oant 1984 hat in ûndersyksteam fan de Vrije Universiteit út Amsterdam, ûnder lieding fan professor Tony Feitsma, yn ’e eardere gemeente Boarnsterhim 85 sprekkers befrege en opnommen. Ut trije opinoar folgjende generaasjes fan deselde famylje waarden trije sprekkers selektearre. Dêr is in moaie ûndersyksdatabank út ûntstien: it saneamde Boarnsterhim Korpus.

It Boarnsterhim Korpus is in databank dy’t in soad mooglikheden jout om taalferoaring yn it Frysk en yn it Nederlânsk yn Fryslân te ûndersykjen. Om’t wy lykwols ek witte wolle hoe’t dy twa talen har yn ’e ôfrûne desennia ûntjûn hawwe, sille wy it ûndersyk nochris dwaan: wer trije generaasjes fan famyljes opnimme. En as it heal kin, de sprekkers dy’t doe opnommen, binne noch in kear opnimme. Dan kinne wy nammentlik ek sjen hoe’t taal feroaret by deselde sprekkers.

Socht: trije generaasjes út ien famylje

Wy sykje foar de opnamen minsken dy’t yn ’e eardere gemeente Boarnsterhim wenje. Dat binne de plakken Akkrum, Aldeboarn, Dearsum, Eagum, Friens, Grou, Idaerd, Jirnsum, Nes, Poppenwier, Raerd, Reduzum, Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Tsienzerbuorren, Warstiens, Warten en Wergea. Wy sykje trije generaasjes út ien famylje: beppe, mem en dochter, of pake, heit en soan.

Hawwe jo der mei jo famyljeleden nocht oan om mei te dwaan oan ús ûndersyk? Nim kontakt op mei Marjoleine Sloos, projektlieder fan it ûndersyk: msloos@fryske-akademy.nl, of belje mei de Fryske Akademy: (058) 213 14 14.

Socht: Ynterviewers

Wy sykje ek om frijwilligers dy’t ús mei de ynterviews helpe kinne. Wolle jo helpe om de ynterviews út te skriuwen, om ynterviews ôf te nimmen of om se fonetysk te transkribearjen? Lit it ús witte.

Sjoch ek: