Skip to main content

Heechlearaarskip foar Van de Velde

Hans Van de Velde (1969), sosjolinguistysk ûndersiker oan de Fryske Akademy, is mei yngong fan 1 maaie 2019 beneamd ta heechlearaar sosjolinguistyk oan de Universiteit Utrecht foar ien dei wyks. It giet om in reguliere learstoel sosjolinguistyk, mei bysûnder omtinken foar de taalfariëteiten yn Fryslân.

Sûnt ein 2014 is Van de Velde senior ûndersiker sosjolinguistyk by de Fryske Akademy, dêr’t er ek sit hat yn it managementteam. Dêrfoar wie er fan 2002 oant 2014 dosint-ûndersiker sosjolinguistyk oan de Universiteit Utrecht.

Mei dizze learstoel by de ôfdieling Talen, Literatuur en Communicatie (TLC) fan de Utertse universiteit sil Van de Velde in nije wurkwize ûntwikkelje foar it ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring en dêrby gebrûk meitsje fan de ûndersyksfasiliteiten en taaldatabanken dy’t oan de Fryske Akademy ûntwikkele binne. In bysûndere fokus leit op de taalfariëteiten yn Fryslân – Frysk, Nederlânsk, Nedersaksysk en Frysk-Nederlânske mingtalen. Op ûnderwiismêd sil er ûnder oaren kolleezjes jaan en promovendy begeliede.

De learstoel is mei mooglik makke troch stipe fan de stifting Frysk Akademyfûns, dy’t mei de learstoel it wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis oangeande de taalsituaasje yn Fryslân fuortsterkje wol.