Skip to main content

Jild foar ûndersyk nei Frysk rjocht

De Vrije Universiteit Amsterdam (VU) kriget yn in gearwurkingsferbân mei de Fryske Akademy in subsydzje fan € 200.000 fan de provinsje Fryslân. De VU docht dêrfoar ûndersyk nei de ynfloed fan tsjerklik en Romeinsk rjocht op de ûntjouwing fan it Fryske rjocht yn de lette midsiuwen en de iermoderne tiid. It ûndersyk duorret fjouwer jier. Fan 2022 ôf binne de resultaten beskikber.

De Friezen hawwe net allinne in lange tradysje fan it Fryske hynder, it keatsen en it fierljeppen. Hja hiene oant it begjin fan de 19e iuw ek in alhiel eigen rjochtstradysje. Yn dy tradysje spilen it tsjerklik en Romeinsk rjocht fan de fyftjinde iuw in wichtige rol. Hoe 't dy ûntjouwing krekt syn beslach krigen hat, is net earder ûndersocht. Ek oer de effekten fan de rjochtsûntjouwing op de Fryske taal is noch mar in bytsje bekend. De resultaten kinne in nij ljocht op de ûntwikkeling fan Fryslân en de Fryske taal sjen litte.

It wittenskiplik ûndersyk makket diel út fan it projekt “The Impact of Canon and Roman Law in Frisia (ca. 1400 - ca. 1725): Continuity or Discontinuity?”.

Njonken it ûndersyk wurde der oer dat ûnderwerp ek publike aktiviteiten organisearre.

It giet om kursussen, lêzings, edukatyf materiaal foar primêr- en fuortset ûnderwiis en in dokumintêre.

Undersykstiim

It ûndersyk wurdt útfierd ûnder lieding fan prof. mr. Jan Hallebeek, mr. dr. Hylkje de Jong (beide VU Amsterdam) en dr. Han Nijdam (Fryske Akademy).

Mear ynformaasje