Skip to main content

Lânboufilms yn Europeeske database

Op 9 septimber waard yn Parys in Europeeske database foar lânbou- en plattelânsfilms (European Rural History Film Database) presintearre. De database is in ynisjatyf fan in tal (film)argiven en ûndersyksynstituten foar lânbouskiednis yn Europa dy't har feriene hawwe yn de European Rural History Film Association (ERHFA). It Frysk Film Argyf en de Fryske Akademy hearre by de ynisjatyfnimmers.

It doel fan de database is it stimulearjen fan de dokumintaasje, konservearring en stúdzje fan lânbou- en plattelânsfilms makke yn Europa. Histoarysk filmmateriaal as boarne foar wittenskiplik ûndersyk nei de skiednis fan lânbou en plattelân is relatyf nij. De ERHFA bringt ûndersyksynstituten en (film)argiven byinoar om kennis oer lânbouskiednis, filmargivearring en digitalisearring fan histoarysk filmmateriaal te dielen. Nij ûndersyk mei histoarysk filmmateriaal as boarne sil ynisjearre wurde.

Oare ynstituten dy’t har oansletten hawwe by de ERHFA binne it Interfacultair CEntrum Agrarische Geschiedenis yn Leuven en sintra foar plattelân/lânbouskiednis yn Bern, Frankfurt am Main en St. Pölten. It Museum for English Rural Life (Reading) en it Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid (Hilversum) binne ek belutsen by it ynisjatyf.    

It Frysk Film Argyf beheart in wichtige kolleksje Fryske lânbou- en plattelânsfilms. De Fryske Akademy hat in lange tradysje op it mêd fan ûndersyk nei de Fryske lânbouskiednis. De kennis fan beide ynstituten wurdt no op Europeesk nivo ynset. It Frysk Lânboumuseum is ek belutsen by it projekt.

In grut part fan de kolleksje Fryske lânboufilms is de ôfrûne jierren troch it Frysk Film Argyf digitalisearre en foar it publyk beskikber kommen.  It filmargyf hat syn fjouwerentweintich wichtichste lânboufilms yn de Europeeske database pleatst, ynklusyf links nei de digitale kopyën op YouTube.