Skip to main content

Manlju út Boarnsterhim socht

Foar in grut ûndersyk siket de Fryske Akademy noch hieltyd Frysktalige famyljes út ’e eardere gemeente Boarnsterhim. De Akademy docht ûndersyk nei taalferoaring oer ferskate generaasjes hinne, en dêrom sykje wy yn it bysûnder trije generaasjes mannen út ien famylje: pake, heit en soan.

Wy dogge ûndersyk nei taalferoaring yn it Frysk en yn it Nederlânsk yn Fryslân. Om’t wy witte wolle hoe’t dy twa talen har yn ’e ôfrûne desennia ûntjûn hawwe, nimme wy trije generaasjes fan in famylje op.

Wy sykje foar de opnamen minsken dy’t yn ’e eardere gemeente Boarnsterhim wenje. Dat binne de plakken Akkrum, Aldeboarn, Dearsum, Eagum, Friens, Grou, Idaerd, Jirnsum, Nes, Poppenwier, Raerd, Reduzum, Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Tsienzerbuorren, Warstiens, Warten en Wergea. Wy sykje benammen noch trije generaasjes manlju út ien famylje: pake, heit en soan. Mar trije generaasjes froulju (beppe, mem en dochter) binne ek wolkom!

Hawwe jo der mei jo famyljeleden nocht oan om mei te dwaan oan ús ûndersyk? Nim kontakt op mei Marjoleine Sloos, projektlieder fan it ûndersyk: msloos@fryske-akademy.nl, of belje mei de Fryske Akademy: (058) 213 14 14.

Sjoch ek: