Skip to main content

Mear as 6 ton foar nij wurdboek

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân hawwe yn in gearkomste fan 13 juny besletten subsydzje te ferlienen oan de Fryske Akademy foar it ûntwikkeljen fan in Nederlânsk-Frysk wurdboek op ynternet. It giet om in bedrach fan 659.186.

Dêrneist jout de provinsje 68.872 foar it takomstbestindich meitsjen fan de website Taalweb Frysk, dêr’t de staveringshifker en oare taalhelpmiddels foar it Frysk te finen binne.

Linich en fariearre Frysk

De leksikografen fan de Fryske Akademy wurkje oan in hjoeddeisk Nederlânsk-Frysk wurdboek, dat fergees op ynternet beskikber komt en him sawol op de Frysktalige brûkers rjochtet as op Nederlânsktalige learders fan it Frysk. 'It is de bedoeling dat oer twa jier de earste 5000 wurden al online komme', ljochtet leksikograaf Hindrik Sijens ta. 'Dêrnei wurde oanfollingen publisearre en yn 2022 moat it wurdboek klear wêze.'

De data út dizze online wurdboekomjouwing sille rjochtenfrij beskikber steld wurde foar it ûntwikkeljen fan alderhanne digitale en printe tapassings, lykas fakwurdboeken en oersetprogramma’s.

It lêste Nederlânsk-Frysk Wurdboek is yn 1985 útjûn en is ûnderwilens bot ferâldere, sadat it net mear oer alle boegen oanslút by it aktuele Nederlânske en Fryske taalgebrûk. De maatskippij feroaret en der komme jimmeroan nije begripen by. It is wichtich dat dy ek yn it Frysk beneamd wurde kinne. It wurdboek fan 1985 hie brûkers boppedat te min te bieden om linich en fariearre Frysk te skriuwen. It nije wurdboek sil mei mear wurden en synonimen, wurdgroepen en útdrukkingen de brûker better fan tsjinst wêze kinne. It wurdboek sil ek oanjaan wat de standertfoarm yn it Frysk is en wat de regionale of stilistyske farianten binne.

De totale kosten fan it wurdboekprojekt bedrage hast oardel miljoen euro (1.458.057), dêr’t de Fryske Akademy sels 798.952 fan bekostiget.

Staveringshifker foar Office 365

Dêrneist moatte op de website Taalweb Frysk de staveringshifkers foar it Frysk ûnderholden en fierder ûntwikkele wurde. Der is benammen ferlet fan in Fryske staveringshifker foar de kantoarsuite Office 365 fan Microsoft, dy’t hieltyd mear brûkt wurdt troch partikulieren en bedriuwen. De besteande staveringshifker plug-in foar Microsoft Office wurket lykwols net yn de onlineferzje fan Office 365.

Nei ferwachting komt de nije staveringshifker foar Office 365, tegearre mei oare oanpassingen yn Taalweb, ein dit jier beskikber.

Deltaplan Frysk

De provinsjale subsydzjes foar de digitale taalhelpmiddels binne part fan it grutte Deltaplan Frysk. Mei dit plan ynvestearret de provinsje de kommende jierren yn totaal 21,3 miljoen euro yn it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal. Sa kriget de Afûk mear as twa miljoen euro foar it ûntwikkeljen fan digitaal lesmateriaal foar it Frysktalich ûnderwiis.

Gean nei: