Skip to main content

Nij boek: Geleefd Geloof

Ofrûne simmer kaam it prachtige boek út dêr’t de Fryske midsiuwen sintraal yn steane: Geleefd geloof. Het geloofsleven van boeren en burgers in Friesland en de Ommelanden van Groningen,1250-1580. It boek, mei mear as 150 kleurenfoto’s, lit op ferskate wizen sjen, hoe’t leken harren leauwe stâl joegen. De folle hûnderten fan romaanske en goatyske tsjerken dy’t it noardlik lânskip sierje, foarmje dêr mar in part fan. Hokker rol dy gebouwen yn it deistich libben spilen, wurdt no earst dúdlik makke. Oare aspekten, dy’t fakentiids foar it earst beljochte wurde, binne de protte piipierden byldsjes fan benammen it bern Jezus en fan syn mem Maria en harren plak yn de hûsgodstsjinst. Tsientallen pelgrimynsynjes litte sjen dat Friezen alle hillige hoeken fan Europa mei beafearten fereare. Nonnen makken kleurryk ylluminearre brevieren, dy’t dêrnei yntinsyf troch harren opdrachtjouwers brûkt waarden. Hel en himel spylje in ûnferwacht grutte rol yn de rjochtsteksten en it rjochtslibben fan dy tiid.

 

It boek, redigearre troch FA-gastûndersiker Rolf Bremmer en Anneke Mulder-Bakker (RUG), is ôfrûne 2 july feestlik presintearre yn Tresoar yn Ljouwert. Ferskate sprekkers kamen foar it buordsje, û.o. Marjoleine de Vos, dy’t in tal boeken oer Grinslanner tsjerken skreaun hat en redakteur keunst is by de NRC. Earste eksimplaren waarden oanbean oan sawol de direkteur fan de Stichting Groninger Kerken as dy fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De presintaasje kin besjoen wurde op YouTube.