Skip to main content

Nij jaske foar it Filologekongres

De Fryske Akademy organisearret fan 23 o/m 26 april 2018 it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, yn it ramt fan Lân fan taal, dat ûnderdiel is fan Ljouwert-Fryslân 2018 – Kulturele Haadstêd fan Europa.

It kongres is in foarum foar wittenskiplik debat oer taal en kultuer yn de Fryske lannen, no en yn it ferline en yn ynternasjonaal perspektyf, mei it doel om te redendielen oer empiryske, metodologyske en teoretyske kwestjes. It Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, of op syn Ingelsk Conference on Frisian Humanities, is de opfolger fan it Frysk Filologekongres dat ûnder dy namme sûnt 1956 ien kear yn de trije jier organisearre waard.

Wêrom dy nammeferoaring?

‘Filology is in namme dy’t amper mear brûkt wurdt foar it gehiel fan taal- en letterkunde’, ljochtet Eric Hoekstra fan de programmakommisje ta. ‘Boppedat dekt filology net de lading fan in kongres dêr’t ek omtinken jûn wurdt oan skiednis en sosjale wittenskippen.’

Sadwaande dat de Fryske Akademy it feestlike kulturele haadstêdjier 2018 oangrypt om mei in ekstra grut kongres de nammeferoaring buorkundich te meitsjen.

Miks fan tema’s en ûnderwerpen

It kongres bestiet út fiif dielsympoasia. De earste beide dagen hat taalkunde in foaroanplak, de lêste beide dagen meartaligens yn Europa (yn 'e mande mei de Afûk). Dwers troch de fjouwer dagen hinne komt in tal oare ûnderwerpen oan bod, lykas de literêre tradysje fan lytse Europeeske talen (en hoe’t de lytse taal him ta de ‘mearderheidstaal’ ferhâldt) en de midsiuwske woartels fan de Fryske taal.

De miks fan tema’s en ûnderwerpen makket it mooglik om sawol foar ien of mear spesifike kongresdagen te kiezen of foar it folsleine kongres, dat fjouwer dagen duorje sil.

Fan september ôf is op de website www.frisianhumanities.nl mear ynformaasje oer ynskriuwen foar it kongres en it yntsjinjen fan lêzingfoarstellen.

Oer Lân fan taal

It Frysk Geasteswittenskiplik Kongres is ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert-Fryslân 2018. Yn Lân fan taal arbeidzje in protte ynstituten en minsken yn Fryslân en (fier) dêrbûten mei-inoar op om it ferskaat fan taal in takomst te jaan. It doel is om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.

Gean nei: