Skip to main content

Nij jaske foar it WFT

De online histoaryske wurkboeken fan it Instituut voor de Nederlandse Taal binne okkerdeis yn in nij jaske setten – en dêrmei ek it wittenskiplike Wurdboek fan de Fryske Taal.

De applikaasje sjocht der no net allinne oersichtliker út, mar is troch de technyske oanpassingen freonliker yn gebrûk. It is no net mear nedich om Adobe Flash te ynstallearjen.

Yn 2007 waard de online ferzje fan it Woordenboek der Nederlandsche Taal lansearre. In pear moannen letter kaam it Vroegmiddelnederlands Woordenboek derby en yn 2009 binne it Oudnederlands Woordenboek en it Middelnederlandsch Woordenboek tafoege. Alle histoaryske wurdboeken dy't gearfoege binne ta ien portaal, waarden tegearre de Geïntegreerde Taalbank (GTB) neamd. Yn 2010 kaam der noch ien oanfolling: de 25 dielen fan it Wurdboek fan de Fryske Taal (WTF).

Ferzje 2.0

Sûnt de lansearring yn 2007 is de applikaasje geregeldwei by de tiid brocht, mar noch net earder binne it uterlik en de efterlizzende technyk sa yngeand wizige as no. Yn de nije ferzje is der mar ien skerm dêr’t mei help fan tabblêden wiksele wurde kin tusken bygelyks sykopdracht en resultaat. De oanpaste kleuren jouwe in rêstiger byld en om’t Flash net mear nedich is, kin de wurdboekapplikaasje no ek ienfâldich brûkt wurde op kompjûters en telefoans fan Apple en tablets en telefoans fan Android.

Gean nei: