Skip to main content

Nije Europeeske projektsubsydzje foar kennissintrum Mercator

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, hat in Europeeske subsydzje krigen foar it projekt OWL+,  ‘Ownership and Leadership: Pathways for (Endangered) Languages’ Use in School'. Yn oparbeidzjen mei kennisynstituten yn Portugal, Noarwegen, Letlân en Estlân sil Mercator de kommende trije jier as projektkoördinator wurkje oan de ûntjouwing fan learmiddels foar dosinten om bedrige talen in plak te jaan yn it klaslokaal.

It doel fan OWL+ is it ynnovearjen fan de ûntwikkeling fan ûnderwiisprogramma’s foar en oer bedrige talen troch dizze yn in kontekst te pleatsen binnen it grutte gehiel fan taalferskaat yn Europa. De fokus leit dêrby op it beskikber stellen fan praktyske ynstruminten om te helpen de oerdracht fan de taal te befoarderjen. It projekt sil ynstruminten en middels ûntwikkelje om learplannen te fernijen en materialen oanbiede dy't learkrêften en opfieders yn steat stelle om bedrige talen in plak te jaan yn harren klaslokalen en oare learomjouwings. Om’t bedrige talen beskôge wurde as in fitale sosjale faktor foar in mienskip, rjochtet it projekt him njonken skoalpersoniel ek op mienskipslieders, dy’t in yntegraal ûnderdiel foarmje fan de stipestruktuer fan bedrige talen.

It projekt is no yn de opstartfase. Uteinlik sille ûnderwizend personiel en mienskipslieders fan gebieten mei minderheden en bedrige talen gebrûk meitsje kinne fan de fergese materialen op de projektside. Dat omfettet fansels de taalmienskippen dy’t ferbûn binne mei de projektpartners: Minderico, Fala, Súd-Saami, Frysk, Latgaliaansk, en Võro.

De subsydzje dy’t Mercator en har projektpartners krigen hawwe, komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, ornearre foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport. De projektpartners binne it Interdisciplinary Centre for Social and Language Documentation (Portugal), de Nord Universiteit yn Bodø (Noorwegen), de Rēzekne Academy of Technologies (Letlân) en de Universiteit fan Tallinn (Estlân).