Skip to main content

Skripsjepriis foar Levi Damsma

Foto: Hindrik Sijens

Hjoed is op Akademydei de Skripsjepriis 2016-2018 útrikt oan Levi R. Damsma. Hy krijt de priis foar syn masterskripsje ‘Middelnederlandse invloeden in het Oudwestfriese Oud Schoutenrecht uit Codex Unia’ (2017), dy’t er foltôge hat foar de oplieding Historische taal- en letterkunde oan de Universiteit Gent.

"Mei syn skripsje jout Damsma in wichtige ympuls oan it ûndersyk nei de ynfloed fan it Middelnederlânsk op it Frysk", sa stiet yn it sjueryrapport, dat troch sjuerylid Eric Hoekstra foarlêzen waard.

"De sjuery fynt it in ynspirearjende en stimulearjende skripsje oer in histoarysk ûnderwerp dat noch hieltyd aktueel is. Want ús meartalige provinsje ken in lange skiednis fan taalkontakt mei it Hollânsk. Dizze skripsje leart ús mear oer hoe lang dy beynfloeding al geande is en set dêrneist ek oan ta it stellen fan ferfolchfragen. Trochslachjouwend foar de sjuery wie dat it ûndersyk net allinnich goed útwurke is, mar dat de skriuwer him ek kritysk ferhâldt ta earder ûndersyk en in oanset docht ta ferfolchûndersyk, dat foar in part ynterdissiplinêr is, en dat taalkunde en skiednis mei-inoar ferbynt. Sadwaande hat de sjuery fan de Skripsjepriis unanym besletten de priis ta te kennen oan Levi Damsma syn skripsje."

De Skripsjepriis fan ’e Fryske Akademy bestiet út in som fan tûzen euro.

Sjoch ek: