Skip to main content

Spesjaal Erasmusnûmer It Beaken

Erasmus hat yn syn brieven net allinnich de molke- en turfopbringst fan Fryslân priizge, mar ek de geleardens fan de ynwenners. Yn in brief út 1499 oan de yn Fryslân berne Johannes Sixtinus ferlike de Rotterdamske humanist dit gewest mei in fruchtbere mem dy't in soad gelearden berne hie.

Sixtinus wie net de iennichste korrespondint fan Erasmus: der binne mear as fyftich brieven oerlevere tusken Erasmus en Friezen, dêrby syn húsgenoat Haye van Cammingha en de bekende steatsman Viglius van Aytta. Miende Erasmus wier dat de Friezen útsûnderlik geleard wiene?

Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus

De fraach nei de betsjutting fan Erasmus foar guon Friezen en de ynfloed fan it wurk fan de Rotterdamske humanist yn Fryslân, stie sintraal op it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’, dat Wiebe Bergsma (Fryske Akademy) en Jan Bloemendal (Huygens ING) op 30 novimber 2011 yn Ljouwert organisearren.

It temanûmer fan tydskrift It Beaken dat fan ’e wike útkomt, is foar in grut part de skriftlike delslach fan de lêzingen dy’t op dat kongres holden binne. De bondel jout lêzingen dy’t omwurke binne ta somtiden mânske artikels fan Wiebe Bergsma, Fokke Akkerman, Jan van Herwaarden, Jan Bloemendal, Tom Deneire, Jacob van Sluis en Piter van Tuinen.

Wiebe Bergsma ferstoar foardat hy dit temanûmer fan It Beaken besoargje koe op 28 juny 2015. Hans Cools naam syn plak yn de redaksje oer. Op 13 jannewaris 2017 rekke Fokke Akkerman ek wei. Foar beide gelearden jildt dat de postúm ferskynde stikken yn dit Erasmusnûmer harren lêste artikels binne.

In heikerwei

‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’ is in dûbeldnûmer fan jiergong 78 (2016) fan It Beaken. Wat it ferskinen oanbelanget, hat It Beaken de lêste twa jier in grutte efterstân oprûn. Kopij wie der genôch, mar om ta de einichste ferzjes fan ’e artikels te kommen, wie in heikerwei. No’t it Erasmusnûmer der leit, is de redaksje fan doel om de oare ôfleveringen dêr no gaueftich efteroan komme te litten.

Op priemmen steane in literatuerspecial nei oanlieding fan ’e Dei fan ’e Fryske Letterkunde yn oktober 2016, in regulier nûmer mei in ferskaat fan artikels en in spesjale ôflevering oer ‘1666: De Ingelske Fuery op Flylân en Skylge’.

Gean nei: