Skip to main content

Staveringshifker yn Microsoft Office

Sûnt jier en dei hat de Fryske Akademy op Taalweb in staveringshifker beskikber. Provinsje Fryslân hat yn oparbeidzjen mei Microsoft ek in nije hifker ûntwikkelje litten, dy is hjoed op it provinsjehûs presintearre. De Fryske Akademy hat foar de nije hifker in wurdlist mei mear as 450.000 wurden levere.

Staveringsregels
De hifker fan de Provinsje sjocht oft jo tekst goed, neffens de staveringsregels skreaun is. De staveringshifker fan de Fryske Akademy sjocht jo tekst nei op staveringsflaters èn helpt jo dêrneist om de goede Fryske wurdfoarms te kiezen. Beide programma’s sitte inoar net yn ’t paad en kinne hiel goed neistinoar brûkt wurde.

De besteande hifker fan de Fryske Akademy kinne jo hjir fine: https://taalweb.frl/downloads. De nije hifker stiet op  https://taalhelp.frl/folwoeksenen/wurdboek-en-taalhelp/.