Skip to main content

Stipe fan Provinsjale Steaten

Provinsje Fryslân lûkt 1 miljoen ekstra foar de Fryske Akademy út. It giet om 200.000 euro yn ’t jier yn de perioade 2020-2024. Dat is ûnderdiel fan in pakket maatregels fan Deputearre Steaten om de takomst fan ús wittenskiplik ynstitút te garandearjen.

It pakket maatregels is in optelsom fan ekstra finansjele stipe, feroarings yn de organisaasje, stappen dy’t de Fryske Akademy sette moat en de ferhâlding fan de FA ta de KNAW. De 1 miljoen euro ekstra foar de FA komt by de 1,2 miljoen dy’t de provinsje alle jierren al jout. Mei de ferheging rint de provinsje aanst lykop mei de jildstream fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip foar de FA. Der komt ek 350.000 euro beskikber foar in needsaaklike reorganisaasje.

Provinsjale Steaten hawwe woansdei 18 desimber mei it pakket maatregels ynstimd. Dêr gie lykwols in protte diskusje oan foarôf, net allinnich by de steatefraksjes, mar ek op de opinysiden fan de regionale kranten.

Ynterim-direkteur Willem Smink is wiis mei de stipe fan provinsje. ‘ In wichtige stap nei in nije takomst wurdt hjirmei mooglik’, sa reagearret er. ‘Der is noch in protte wurk te dwaan, mar der is wer perspektyf.’

Reorganisaasje

Yn it nije jier sil in nije direkteur-bestjoerder foar de Fryske Akademy wûn wurde. Yn it ramt fan de reorganisaasje wurde op de stypjende ôfdieling op koarte termyn 6 fte’s skrast. De wittenskiplike stêf hat ûnderwilens in part fan syn wurkromte ynlevere yn It Aljemint, dêr’t de boppeferdjipping fan 1 jannewaris 2020 ôf ferhierd wurdt oan it Fries Sociaal Planbureau.

De liearring fan de Fryske Akademy oan de KNAW wurdt tenei justjes losser, mar de Fryske Akademy sil noch hieltyd gebrûk meitsjen bliuwe fan KNAW-fasiliteiten.