Skip to main content

Taalkundedei: oprop foar lêzingen

It Taalkundich Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de njoggende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy't hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Wannear:       freed 27 oktober 2017
Plak:               de lokaasje wurdt letter bekend makke

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen).

Wy roppe elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op woansdei 1 augustus – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân): ehoekstra@fryske-akademy.nl

Of mei de gewoane post nei:

Fryske Akademy,
Eric Hoekstra, Taalkundich Wurkferbân,
Postbus 54,
8900 AB  Ljouwert.

Sjoch foar mear ynformaasje: www.fryske-akademy.nl/taalkundedei