Skip to main content

Akademy stipet Feitsma-biografy

Tony Feitsma (Argyf Frysk & Frij).

It Feitsma Fûns is yn ’e mande mei Tresoar en de Fryske Akademy útein set mei it meitsjen fan in wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma. Liuwe Westra (1966) is as biograaf by it projekt behelle. Klassikus en teolooch Westra hat earder ek skreaun oer Feitsma as taalbeweger.

Tony Feitsma (1928-2009) wie har hiel libben warber op it mêd fan de Fryske taal. Se hat ferbûn west oan de Ryksuniversiteit Grins, de Frije Universiteit en de Universiteit fan Amsterdam en skreau in protte wittenskiplike publikaasjes. De biografy sil gean oer har libben en wurk en har relevânsje foar de Fryske taal en identiteit fan hjoed-de-dei.

Tresoar hat fan begjin ôf oan as behearder fan it argyf fan Tony Feitsma by it projekt belutsen west en wie ek de earste dy’t in bydrage tasein hat om de biografy mooglik te meitsjen. It Frysk Akademy Fûns hat no ek in bydrage tasein. De biografy wurdt opnommen yn ’e publikaasjerige fan ’e Fryske Akademy en biograaf Westra is op it stuit as gastûndersiker by de Fryske Akademy oan ’e slach gien. It Feitsma Fûns wol de biografy foar ein 2020 klear hawwe.

It projekt is no foar 143.000 euro dutsen. It wurdt mooglik makke troch bydragen fan it Feitsma Fûns sels, Tresoar, de Provinsje Fryslân, de eardere gemeente Dongeradiel, it Prins Bernhard Cultuurfonds, it Frysk Akademy Fûns en in crowdfundingsaksje. Dat lêste hat oant no ta likernôch 11.000 euro opsmiten.

De gearstalling fan de begeliedingskommisje is as neikommend:

Redbad Veenbaas (bestjoerslid Feitsma Fûns; foarsitter)
Alex Riemersma (adviseur Feitsma Fûns; skriuwer)
Maaike Andringa (dosint Frysk, Gymnasium Piter Jelles)
Pieter Duijff (Fryske Akademy)
Goffe Jensma (Ryksuniversiteit Grins)
Meindert Reitsma (Tresoar)