Skip to main content

Essays Hans Mol en Alex Kerkhof yn kongresbondel Holland Dag 2022

Essays Mol en Kerkhof

Ofrûne simmer waard yn Leiden foar de tredde kear de Holland Dag organisearre. Dizze dei wurdt twajierliks organisearre troch stichting Ontstaan van Holland, yn opdracht fan de Provinsje Súd-Hollân. Meiwurking krijt de stichting dêrby fan de Universiteit Leiden, Erfgoed Leiden e.o. en Erfgoedhuis Súd-Hollân. It doel fan de dei is it befoarderjen fan kennis, ynsichten en bewustwurding by in breed publyk oangeande de foarming fan it graafskip Hollân tusken 900 en 1300.

Twa ûndersikers fan de Fryske Akademy wurken ek mei oan dizze Holland Dag 2022: Hans Mol en Alex Kerkhof. Harren bydragen binne no opnommen yn de kongresbondel 'Nieuwe vergezichten op een oud verhaal'.

Hans Mol is ûndersiker midsiuwske skiednis oan de Fryske Akademy yn Ljouwert en (emeritus) bysûnder heechlearaar skiednis fan de Fryske lannen oan de Universiteit Leiden. Syn bydrage hat de titel: 'Bestudering van de regionale middeleeuwen - hoe lang nog en hoe?'.

Peter-Alexander (Alex) Kerkhof is histoarikus en taalkundige. Hy promovearre yn 2018 oan de Universiteit Leiden en is tsjintwurdich ferbûn as histoarysk-taalkundige oan de Fryske Akademy. Syn bydrage krige de titel 'De talen van Holland tussen de 10de en 12de eeuw'.

De kongresbondel is fergees del te laden.