Skip to main content

Fedde Schurerlêzing 2022: Wurkje, wenje, wyn: wat moat wêr yn Fryslân?

De Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar, de Fryske Akademy en de Ljouwerter Krante nûgje jo fan herten út foar de Fedde Schurerlêzing 2022 op sneontemiddei 19 novimber 2022 yn Ljouwert. De middei is fergees tagonklik, mar it is wol needsaaklik om in kaartsje oan te freegjen yn ferbân mei in beheind oantal sitplakken.

 

Tema

It tema fan dit jier is: 'Wurkje, wenje, wyn: wat moat wêr yn Fryslân?' By it ynrjochtsjen fan de romte sitte ekonomy en natuer inoar gauris yn it farwetter. Neffens it ‘Deltaplan foar it Noarden‘ moat der in flugge treinferbining nei de Rânestêd komme, de Lelyline. Der wurdt ek praat oer 45.000 ekstra wenten foar Fryslân. Is dit in kâns of bedriging foar Fryslân en it noarden?

 

De trije haadsprekkers binne:

Francesco Veenstra, Ryksboumaster
De 22e eeuw begint nu.

Avine Fokkens-Kelder, deputearre fan de provinsje Fryslân
Lelyline: in rjocht en in plicht foar ús takomst.

Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP, Provinsjale Steaten
De Fryske oanpak: Foar in bettere takomst.

Fierders:

Sjoernaliste Jantien de Boer fan de LC sprekt in kollum út.
Muzyk troch Sytse Haima en Menzo Rohn.
De diskusje wurdt laat troch Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Leeuwarder Courant.

 

Wannear:

Sneontemiddei 19 novimber 2022
Tresoar, Ljouwert
15.00 – 17.00 oere, ynrin fan 14.30 ôf.

 

Organisaasje

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in sneontemiddei yn novimber. De lêzing is organisearre yn 'e mande mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant.

 

Kaarten

De kaarten binne fergees, mar moatte oanfrege wurde by VanPlan tickets.