Skip to main content

Fjouwer nije leden beneamd

Foto: Hindrik Sijens

Op Akademydei binne hjoed yn it Oranje Hotel fjouwer persoanen ta lid fan de Fryske Akademy beneamd.

In jong nij lid fan de Fryske Akademy is Sjoerd Bootsma, dy’t beneamd wurdt op grûn fan syn positive en fernijende ynstelling foar de Fryske kultuer. Bootsma is bot belutsen by LF2018 en is de betinker fan ferskate fernijende festivals lykas Welcome to the Village en Explore the North.

It krewearjen fan, en de oanhâldende niget oan de Biltske taal en kultuer smyt foar Sytse Buwalda lidmaatskip fan de Fryske Akademy op. Buwalda hat in wichtige bydrage levere oan de beide edysjes fan it Biltsk wurdboek. De namme Buwalda is al 79 jier ferbûn mei ús ynstitút: Sytse syn heit Hotse S. Buwalda wie al yn 1939 oan it wurk by de Fryske Akademy.

Ta lid beneamd wurdt ek skriuwende psycholooch Douwe Draaisma, dy’t tal fan publyksboeken oer it minsklik ûnthâld op syn namme stean hat. De Akademy priizget de sekuere analyze fan it haperjende ûnthâld fan de âlderein en de kompassy dy’t Draaisma sjen lit mei de minsken dy’t der mei te krijen hawwe.

Fries om utens Joop Koopmans, histoarikus oan ’e letterefakulteit fan ’e Ryksuniversiteit Grins, wurdt beneamd op grûn fan syn fertsjinsten foar de Fryske wittenskip. Syn grutte wapenfeiten lizze op it mêd fan ’e politike skiednis fan iermodern Fryslân. Dêrmei hat hy in soad studinten ynspirearre en in ynvestearring yn ’e Fryske skiedniswittenskip dien dy’t him mei rinte op rinte werom betellet.