Skip to main content

Gearwurking Fryske Akademy en ûndersykssintrum BirdEyes

BirdEyes is it nije sintrum foar ynterdissiplinêr en ynternasjonaal oriïntearre ûndersyk en post-master ûnderwiis, op it mêd fan klimaatferoaring. It is in inisjatyf fan heechlearaar Trekfûgelekology Prof. Dr. Theunis Piersma en de Ryksuniversiteit Grins. Troch kennis fan ferskate dissiplinen te kombinearjen kinne antwurden fûn wurde op de komplekse útdagingen fan dizze tiid.

De Fryske Akademy is ien fan de partners fan BirdEyes. Troch de ekspertize fan de beide kennisynstituten byinoar te krijen, hat bliken dien dat benammen yn it plakname-ûndersyk en histoaryske taalkunde, de wurdskat yn relaasje ta bioferskaat troch de tiid hinne, de keppeling mei it lânskip sa't dat troch HIsGIS yn kaart brocht wurdt en it ûndersyk nei maritime netwurken lykas dy yn Fryslân, in soad raakflakken sitte. Dêrneist kinne de Fryske Akademy en BirdEyes ek mei-inoar gearwurkje as it giet oer it keppeljen fan data dy't betrekking hawwe op Fryslân en yn wittenskipskommunikaasje.

 

Oer BirdEyes

BirdEyes is in gearwurking tusken de RUG-fakulteiten Science & Engineering, Campus Fryslân en Letteren. Neist de fakulteiten fan de Ryksuniversiteit Grins wurdt der gearwurke mei oare fakgenoaten en geastessibben by it NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Zeeonderzoek), it Instituut voor Biodiversiteit en Ecosysteem Dynamica fan de Universiteit fan Amsterdam en de Fryske Akademy.

 

Mear ynformaasje:

BirdEyes: https://www.globalflywaynetwork.org/team

Omrop Fryslân: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/...

Rijksuniversiteit Grins: https://www.rug.nl/about-ug/latest-news/...