Skip to main content

It Beaken oer Fryske literatuer

It nije dûbelnûmer fan It Beaken, ûnder gastredaksje fan Reinier Salverda en Eric Hoekstra, bringt fan sân skriuwers bydragen dy't de delslach binne fan harren letterkundich lêsûndersyk sa't dat presintearre is op 'e Letterkundedei te Ljouwert fan 7 oktober 2016.

Piet Gerbrandy makket Gysbert Japicx fris en nij, en wiist derop, dat syn wurk gauris hybride fan aard is. Alpita de Jong makket har sterk foar it op-in-oare-wize-lêzen fan Fryske literatuer; ûnbefongen, nijsgjirrich en fernijend. Abe de Vries lit sjen troch hokker histoaryske ûntjouwings en persoanlike foaroardielen oft it wurk fan dichter Marten Hepkes Bakker bûten de Fryske kanon set waard. 

Piter Boersma ferdigenet it psycho-analytyske proefskrift dêr't Hein de Jong op promovearre, in suver noveleske analyze fan Gysbert Japicx syn De Friesche Tjerne. Marc van Oostendorp lêst Tsjêbbe Hettinga út syn saakkundigens op it mêd fan 'e klankstruktuer fan taal en poëzy wei. 

Friduwih Riemersma lit sjen, dat it wurk fan J.H. Brouwer somtiden skaaimerke wurdt troch in tige depolitisearre, harmony sykjend skriuwerskip. Henk van der Liet besjocht it Fryske wurk fan Brouwer as skandinavist en makke iepenings nei wêr't it by oersettings op delkomt: kultuerkontakt en de fiersichten dy't dat opleveret. 

De ferskillende wizen fan lêzen dy't yn 'e bydragen fan dit nûmer fan It Beaken op 't aljemint komme, bejouwe har bûten de bewende paden en stappe it frije fjild yn. Mei as sintraal boadskip: skuor it lêzen fan Fryske literatuer –  krektlyk as it skriuwen – wei út it byntliif fan tradysje, konvinsje en kanonisaasje. Hjir past ynienen de lêste sin fan Friduwih Riemersma har artikel hiel goed by dy fan Alpita de Jong har bydrage: helje de Fryske literatuer wei út 'e eptigens fan bestjoerlike goedkarring en prize-takennerij, en jou him syn frijheid werom. Jou alle romte oan it wylde lêzen – of better: it frije, ûndersykjende lêzen, mei ferdrach en ferbylding, mei ynsjoch en hertstocht – sa't de sân skriuwers ús dat yn dit nûmer foardogge, dêr't se ús oer 't mad komme en ús útdaagje om soks sels ek te ûndernimmen.

It Beaken is te keap by de Afûk.

Gean nei: