Skip to main content

'Kinne Fryske skriuwsters har thús fiele yn 'e Fryske literatuer?'

Janneke Spoelstra, leksikograaf by de Fryske Akademy, hold op 11 july yn Edinburgh, Skotlân, in lêzing mei de titel ‘Can female writers in Frisian feel at home in Frisian literature? And do they?’, op it kongres fan the Association of Low Countries Studies, dat as tema hie: ‘Homing in’. De lêzing en it Ingelsktalich artikel dêrefter binne tarieding op de ynterviews dy’t Janneke Spoelstra hâlde sil mei Fryske dichteressen yn it ramt fan de ynterviewbondel dêr’t se yn maart mei úteinset is. It artikel is wilens yn Fryske oersetting publisearre yn Ensafh, nû. 4.

De ynterviewbondel is bedoeld as update fan Jelma Knol har boek ‘út syn aerd wei froulik, de Fryske dichteressen en it misferstân’ (1993) en ferskynt yn ’e Literêre Rigen fan ’e Fryske Akademy. Spoelstra seach nei ferskillende persintaazjes fan ‘homing in’ fan froulju yn ’e Fryske literatuer. Guon persintaazjes as update fan Jelma Knol har sifers fan 1993, bygelyks hoefolle oft froulju bydroegen oan de Frysk literêre tydskriften Hjir (doe) en Ensafh (no), en guon nije persintaazjes, lykas it dielnimmen fan froulju oan Dichterskollektyf Rixt. Se beseach ek hoe’t de Fryske sifers har ferholden ta gegevens oer de partisipaasje fan froulju yn de Nederlânsktalige poëzy en de poëzy yn Ierlân. 

It projekt rint oant maart 2024. De Afûk sil de ynterviewbondel útjaan.

Op de Conference on Frisian Humanities praat Janneke Spoelstra der fierder oer, op woansdei 14 septimber, mei de lêzing ‘Wêr bliuwe de froulju?’.