Skip to main content

Leksikograaf Hindrik Sijens keazen yn bestjoer Euralex

De Fryske Akademy is lid fan de European Association for Lexicography (Euralex). It doel fan Euralex is it befoarderjen fan wittenskiplike aktiviteit op it mêd fan 'e leksikografy (it meitsjen fan wurdboeken) en besibbe dissiplines (semantyk, korpuslingwistyk, sosjolingwistyk,datamanagement), foar safier't dy te krijen hawwe mei leksikografy.

Ien fan 'e aktiviteiten om dat doel te ferwêzentlikjen is it hâlden fan kongressen. Om 'e twa jier, alle kearen yn in oare stêd, komme sadwaande sa'n 300 leksikografen byinoar. Yn 2010 wie Ljouwert noch gasthear fan dit Euralexkongres.

It bestjoer fan Euralex regelet de deistige gong fan saken. Op it lêst holden kongres yn Mannheim is Hindrik Sijens, leksikograaf by de Fryske Akademy, yn it bestjoer keazen, as Assistant Secretary-Treasurer (twadde sekretaris ponghâlder).

Wurdboekskriuwen en alles wat dêrby komt te sjen is hjoed-de-dei in digitaal proses. De útdagingen en feroaringen dy't dêrmei anneks binne, binne ûnderwerp fan debat yn 'e akademyske en profesjonele leksikografy, dus ek binnen Euralex. Troch de bestjoerssit fan Sijens is de Fryske Akademy dêr op Europeeske nivo by fertsjintwurdige.