Skip to main content

Twadde literatuernûmer It Beaken

It tydskrift fan de Fryske Akademy It Beaken bringt dizze moanne in twadde spesjaalnûmer oer Fryske literatuer. It giet om fjirtjin lêzingen dy’t jûn binne op de Twadde Fryske Letterkundedagen. Dy wienen organisearre fan 23 oant 25 april 2018 yn it ramt fan it Frysk Geasteswittenskiplik Kongres yn de Ljouwerter stêdsskouboarch De Harmonie.

De helte fan de 22 sprekkers op de Twadde Fryske Letterkundedagen kaam fan bûten Nederlân: út Tsjechië, Kanada, Dútslân en Ingelân. In heale dei waard mei stipe fan it Letterenfonds in aparte sesje wij oan de nije blomlêzing fan Fryske literatuer Swallows and Floating Horses.  

It spesjaalnûmer dat ynkoarten by abonnees fan It Beaken op de doarmatte falt, hat net de pretinsje it hiele Fryske literêre libben te dekken, mar wol al bydrage oan de tagonklikens en de kennis fan de Fryske literatuer, sa skriuwe de gearstallers Eric Hoekstra en Reinier Salverda yn de ynlieding. ‘Wij zoeken dat Friese literaire leven waar het zich laat vinden.’

Sjoch: