Skip to main content

Klein, A. (Annika)

stazjêre

Annika Klein (Dortmund, 1993) hat Ingelsk en Frânsk (B.A.) oan de Johannes Gutenberg Universiteit yn Mainz (Dútslân), de Universiteit fan Bourgogne (Frankryk) en Bishop's University (Canada) studearre. Dêrnei hat se op it Goethe-Institut wurke yn Poona (India). Nei't se praktyske ûnderfining mei kultuermanagement en edukaasje yn in meartalige en multikulturele omjouwing opdien hat, studearret se no sosjolinguistyk en meartaligens (M.A.), in ynternasjoneel joint degree stúdzjeprogramma fan Vytautas Magnus University (Litouwen) en de Johannes Gutenberg Universiteit.

As stazjêre foar it kennissintrum Mercator wurket se mei oan it projekt Holi-Frysk en de organisaasje fan it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres.