Skip to main content

Cools, prof. dr. C.H.L.I. (Hans)

senior ûndersiker en lid managementteam

Spesjalismen

iermoderne skiednis; Italiaanske skiednis; Frânske skiednis

 

Projekten

 

Biografy

Hans Cools (Leuven 1969) studearre Skiednis en Wiisbegearte yn Antwerpen, Risel en Gent. Dêrnei wie er as ûndersiker ferbûn oan it Europeesk Universitêr Ynstitút te Florence. Yn 2000 promovearre er oan de Universiteit fan Antwerpen. Dêrnei wurke er as postdoc yn Leien (1999-2003) en as stêflid by it Keninklik Nederlânsk Ynstitút te Rome (2003-2006). Sûnt 2006 dosearret er yn Leuven, earst foltiid en sûnt 2015 yn dieltiid. Yn jannewaris 2015 is er as seniorûndersiker Iermoderne skiednis (1500-1800) en lid fan it managementteam yn tsjinst kaam by de Fryske Akademy.

Yn syn ûndersyk joech Hans Cools yn it earstoan benammen omtinken oan de ympekt fan sosjale struktueren op steatsfoarming yn de letmidsiuwske Nederlannen. It ôfrûne desennium hat er syn ûndersykspraktyk ferbrede en him talein op de stúdzje fan makelerij en politike en histoaryske kultuer yn iermodern Europa. In soad fan syn publikaasjes ha in biografyske ynslach. Op ’t lêst is it Hans Cools derom te rêden te efterheljen wat minsken yn it ferline dreaun hat.

 

 

Publikaasjes (seleksje)